Kantine ôfbrutsen! Leve de nije kantine!

Wepperkes -woansdei-
20 maart 2007
Wepperkes -tongersdei-
22 maart 2007

Moandei is der in begin makke mei it ôfbrekken fan de âlde kantine. In soad spullen wurde brûkt yn it berchhok wat tydlik brûkt wurde sil as kantine oan ’t de nije “kantine”stiet. Sa moast û.o. de bar oerbrocht wurde. Tongersdei sil it berchhok as it goed is foar it earst as kantine brûkt wurde. Sa ’t wy tiisdeitejûn sjoen hawwe sil dat seker slagje. In soad minsken wienen yn ’t spier om dit foarelkoar te krijen. Sjoch hjirûnder de foto’s.



De âlde kantine stiet noch mar is hast ûnherkenber.


Dit wie meastentiids it drokste plak fan de kantine.

hspace=0
Der kaam fan alles boppe wetter doe ’t de bar fuorthelle waard. In soad doppen, mar ek in soad gûnen en kwartsjes.

hspace=0
It plafond wie gau ôfbrutsen.


Jan de Jong hâldt de wacht om te foarkommen dat dieven der mei lege doppen fantroch gean.


Sybren Wesselius, Ids de Boer en Paul de Boer skeppe de lêste tegels om de kantine wei.


De lampen brâne al yn it berchhok.


De prizenkasten hingje ek alwer. Sjoch ek it draaiend rêd.


Tink de rotzooi fuort en it tl-ljocht en it kin hjir best gesellich wurde.


Geertje Bootsma, Thom Vellinga, Christiaan Hoekstra en Feike Jorritsma drok oan ‘e gong.


Ek yn it berchhok kinne wy jim wer op de hichte hâlde fan alles wat der mar te rêden is.

It measte kommintaar(lês kompliment) wat de meiwurkers oan ’t no ta krigen wie; “Kin dit berchhok net kantine bliuwe?”

Wy binne benijd hoe ’t it der tongersdeitejûn útsjen sil. Mei de ynset dy ’t der oan ’t no ta al levere is sitte wy der net oer yn.