Wepperkes -woansdei-

SDS 2e op krysttoernoai!
27 december 2005
Wepperkes -tongersdei-
28 december 2005

Trainers en lieders C1 sjogge werom
Fan Klaas Pompstra binne wij wend dat er ús goed op de hichte hâldt fan it gean en stean fan C1. Bij it weromsjen op it earste healjier hat hij ek GertJan Hiemstra, Jan Los en Jan Eric Valkena frege om oan te jaan wat sij der fan fûnen.
Ek in aardich oersjoch fan de trainingsopkomst.

Oantal trainingsdagen

34

Gemiddelde

Of: Beker / gjin training

8

23,7

Netto trainingen

26

91%

Namme

Oantal

Percentage

Andries Brinksma

23

88%

Kristian Gaastra

25

96%

Ludze Jan Holtrop

25

96%

Harm Jan Kamstra

24

92%

Doede Kooistra

25

96%

Wytze Lanting

18

69%

Arjen Los

25

96%

Christiaan Plantinga

25

96%

Jarco Klaas Pompstra

22

85%

Ayanle Reitsma

25

96%

Jort Strikwerda

26

100%

Elger G. Turksma

26

100%

Wiebe Jan Valkema

19

73%

Jacob van Wieren

24

92%

Sjoch foar it hiele ferhaal hjir.

Resultaten B1 op KNVB toernooi
B1 hat tiisdei yn Boalsert oan it baljen west op it KNVB toernooi. De resultaten……

Super!
Der wie tidens it krysttoernoai yn Frentsjer ien SDS-supporter dy ’t gjin wedstryd fan SDS mist hat, Willem Overal. Super! Ek wienen Floris en Hieke der in soad.

Bale
Mesken Bouw is al jieren dwaande om it krysttoernoai fan Frentsjer te winnen. De lêste 2 jier probearden sy it mei Willem Wijnia yn de ploech. 2 kear rekken sy oan ’t de heale finale. No die Willem wer mei by SDS en wa wûn it…..Mesken Bouw.

Agenda
Dizze wike binne der wer hiel wat jeugdtoernooien. Sjoch bij agenda wannear der yn Easterein wat te dwaan is.

Liftnijs – efkes foarstelle Wybren en Namkje
Wybren Jorritsma fan Wommels docht foar de 5de kear mei oan de liftwedstryd. Earst mei Jurjen nei Milan en Luxemburg, doe mei Klaas nei LandsEnd en ferline jier en ek no wer mei Namkje Koudenburg nei Hel. Foar Goaingeaster Namkje is it ek al wer de tredde kear, want sij lifte earder in kear mei Gertjan Brandsma. Wybren en Namkje hâlde tige fan reizjen. Sa binne sij dit jier mei de trein nei Moskou reizge en binne doe op de Trans Siberie Express stapt nei Peking ta. Sa’n reis is echt wat foar avonturiers.
De ûnderwizer yn spee en de studente psychologie wiene ferline jier de winners. Harren favorite nummer is  fan de Datsuns. ‘MF hel’. Dat betsjut Motherfuckers from hel. Of  ‘go to Hel’  fan Nina Simone.
Fan Wybren krije wij noch in kampioensfoto fan it fuotbal bij SDS (jaja) en fan Namkje in foto fanút de koktailbar yn Grins wêr’t se wurket.

Lifterke – Wybren syn fuotbalferline
Wij fregen ús ferline wike ôf at Wybren ek in fuotbalferline hie. Wybren joech gelokkich sels it antwurd. Hij hat fuotballe fan de F’s oant en mei de C’s en is 7 kear kampioen west. Hij spile yn it team wêr’t ek Cor van der Werf ynspile en Sytse van der Werf wie meast de lieder. Hij stie rjochtsheal of rjochtsfoar en syn hichteppunt lei yn in wedstryd tsjin Makkum doe’t hij 3 kear koppend skoorde út korners fan Jos. Wij krije as bewiis noch in kampioensfoto, hoewol wij perfoarst net twivelje oan syn wurden.
 

Lifterkes – de kâlde oarloach.
It sil in kâlde reis wurde nei Poalen. Want yn Trabantsjes, âlde Skoda’s  en Lada’s moat je je waarm hâlde mei de hannen yn de bûs en de jas ticht.
In heale wike foar de tocht is de âlde oarloch al begûn. Sjoerd en Teade hiene wol in hiel
nijsgjirrich petear op MSN; ûnder it motto fan “Hoe’t in fakansje ta in Hell wurde kin”.

It hiele liftdossier kinne jim
hjir fine.