Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
28 december 2005
Lifterkes -freed-
29 december 2005

KNVB-toernoai
SDS A1 spilet moarn fanôf 9.15 yn de WZS-hal it KNVB-toernoai. De winner giet nei de eindronde yn Frentsjer om Frysk kampioen te wurden. Trainer fan SDS A1 Marco Hoekstra jout oan moarn wol wat supporters brûke te kinnen. Kom dus allegear!

SDS League
Dizze wike is der gjin SDS-League om ’t it fuotbalprogramma dizze wike wat yn elkoar oerrint(moandei, tiisdei, tongersdei en freed in programma). Folgende wike komme wy mei de lêste wykpriis en de einstân fan de earste helte fan de SDS League.

Jierdeis

Juster wie it âldste fuotbaljende lid fan SDS jierdei. Ype Burggraaff út Lollum waard 55 jier jong. Der binne dizze wike ek oaren jierdei. Sjoch mar. 

1e Henk Postma 24-dec-83
A1 Korne           Boekholt        26-dec-88
C2 Thor Ejnar Ruiter 26-dec-91
D2 Tarina Veenje 27-dec-92
4e Ype Burggraaff 28-dec-50
E3 Hylke Flapper 29-dec-96
5e Jacob Sjirk Joustra 31-dec-85
C1 Harm Jan Kamstra 31-dec-90


Yn it sikehûs
Âld-foarsitter en bestjoerslid Tinus Hoekstra leit op it heden yn it sikehûs fan Ljouwert om him better yn te stellen op syn medikaasje tsjin de reuma. Fan herte betterskip! Wy hoopje dat hy gau wer op de fjilden te finen is. Stjoer him ek efkes in kaartsje. Dit is syn adres yn ’t MCL:
Medisch Centrum Leeuwarden (MCL)
Afdeling K kamer 12
Postbus 888
8901 BR Leeuwarden

 

Ut de âlde doaze – 1990
Wybren Jorritsma, ien fan de lifters, woe dizze wike beweare dat hij hiel faak efterelkoar kampioen wurden wie. It wie sels sa slim dat syn mem sei dat er faker mei blommen thús kaam as syn heit. Fansels koe Wybren ús prachtige bewiisstikken leverje út it archyf fan de famylje van der Werf fan Kûbaard :
De fraach fan dizze dei is dan ek: Hokker teamgenoaten makken diel út fan de ploech om Wybren hinne.

Mail ús de goeie nammen.

 

7 jannewaris in echte SDS dei

Lifterke – Toetsen
Sa’t jim witte binne it allegear studinten dy’t dizze helse tocht nei Poalen dogge.

Studinten moatte ek wolris wat studeare en harren kennis toete litte. Sjoerd en Jan (ja seker beide) wiene in toets fan it twadde jier efter en moasten ferline wike foar yn fan harren lêste kânsen in toets meitsje. At se der net slagje soenen, dan hiene se de alderlêste kâns op 4 jannewaris. Dat hie betsjutte dat se net mei koene nei Hell
Mar wij hawwe in goed berjocht krigen fan in meistudint: se hawwe it helle al moast it wol bij de helsdoarren wei komme.

Fan de 150 punten hie Sjoerd der 139 en Jan 111, wylst 88 genôch wie.

 

Lifterke – Bestellen

Hoe komt it dochs dat der dit jier mar 7 ploegen meidogge wylst dat ferline jier noch 12 wiene? It antwurd skynt frij ienfâldich te wêzen:

Gertjan Brandsma hat al ris dy kant op west mei Jaring Rispens. Tarieding hjitte dat. Beide yn Stattin flakbij efkes oan de wodka. In grutte stêd wêr ’t se op de weromreis in nacht yn in hotel taholden hawwe. Dy nacht binne se apart fan elkoar bestellen. Jaring syn kamera, pear hûndert euro, en tillefoan ensf. Gertjan allinne syn tillefoan kwyt . Wy tinke dat dizze ferhalen inkele eks-lifters wol ôfskrikt hat.

Lifterke: efkes foarstelle: Gertjan Hulzinga en Tjitte Jelle Verbeek.
Gertjan Hulzinga is twa kear reedlik suksesfol west  mei freondinne Marja.  Troch wurk koe sij helaas net meidwaan. Gertjan hat de 11 stêdentocht  dit jier rûn, hat dus in izeren kondysje, mar hopet foaral in soad yn de auto te sitten. Tjitte Jelle Verbeek docht al foar de 5de kear mei. Hij hat al in pear podium plakjes te pakken mar giet no foar goud.
Harren favorite nûmer soe wêze kinne: Bad out of Hell fan Meat Love

Op de foto in hiele protte Tjitte Jelle’s, in pear GertJannen en per ûngelok Paul Reitsma. (docht er dochs noch in bytsje mei!)

It hiele liftdossier kinne jim hjir fine

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!