SDS 2e op krysttoernoai!

Weppperkes -tiisdei-
26 december 2005
Wepperkes -woansdei-
28 december 2005

SDS hat twadde krystdei in knap 2e plak helle op it krysttoernoai yn Frentsjer. Nei de poulewedstriden goed trochkommen te wêzen rikten sy úteinliks oan ’t de finale. Dizze waard jammer genôch(mar wol terjochte) ferlern fan Mesken Bouw.

SDS hie net in grutte seleksje foar twadde krystdei. Tsjeard Halbersma en Tsjipke Okkema hienen oare ferplichtingen en Skelte wie noch altiten blesseard. Erik Haitsma gie mei as ferfanger. Marten Faber, Dirk-Yde Sjaarda, Jacob-Klaas Haitsma, Tsjeard Breeuwsma, Erik Haitsma en Willem Wijnia moasten it dus mei syn seizen sjen te rêden.

SDS waard 1e yn de poule en kende yn dizze wedstriden gjin problemen. Freed waarden der 5 wedstriden fuotballe en 2e krystdei wer 5 poulewedstriden. 8 wedstriden waarden der úteinlik wûn, der waard 1 kear lykspile en de lêste wedstryd waard úteinlik wat knullich ferlern. SDS kaam hjirmei by de lêste 16.

Yn de 16e finales gie it hast mis. SDS kaam binnen 1 minút al mei 2-0 efter tsjin Sportcafé de Trije. De stân koe úteinlik ombogen wurde nei in 3-2 oerwinning.


SDS makket him op foar de kwartfinale tsjin De Bogt fan Gúne.

Yn de kwartfinale kende SDS gjin problemen mei De Bogt fan Gúne. It waard 3-0 en der waarden hast gjin kânsen fuortjûn.

Yn de heale finale moast SDS tsjin Herberg De Bogt. In goeie ploech wêr ’t û.o. Sander Hartman(Drachtster Boys) by fuotballet. SDS spile op de kounter wat knap slagge. Erik koe 2 kear skore en Dirk-Yde 1 kear. Herberg de Bogt kaam wol 2 kear werom tot 2-1 en 3-2 mar echt yn gefaar kaam SDS net.

Yn de finale moast SDS it opnimme tsjin Mesken Bouw. In ploech dy ’t foaral bestie út fuotballers fan Exstador. SDS kaam binnen de minút al foar troch in goal fan Willem mar it wie noch gjin 2 tellen letter alwer 1-1. Mesken Bouw kaam nei 5 minuten foar mar krekt foar de rust makke Erik 2-2. Yn de twadde helte koe SDS it net mear hâlde. Mei nammen Michel van der Ploeg spile knap by de Harnsers en neidat sy de 3-2 en 4-2 makken wie it gebeurd. Al mei al in terjochte winner.


De SDS ‘ers lykje ûntspannen foar de finale.


SDS stiet klear foar de finale tsjin Mesken Bouw. De spilers wurde ien foar ien foarstelt.


SDS krige foar harren 2e plak dizze beker en de spilers krigen elk in knap sporttaske mei ynhâld(krystkoekjes, krystbôle, krystensfh.)

Klik
hjir om in útgebreid ferslach fan it krysttoernoai te lêzen op de webside fan ZVF.