Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
22 mei 2007
Wepperkes -tongersdei-
23 mei 2007

Futsal: SDS 1 – Avanti
Jûn spilet SDS 1 om 20.00 syn earste wedstryd yn de neikompetysje tsjin Avanti 2 yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. Kom gerust efkes sjen.

Spyldagenkalinder
De spyldagenkalinder foar it seizoen 2007-2008 is bekend. Klik
hjir om it te besjen en yn de aginda te setten.

Supporters oan de kant
Wy sykje foto’s fan SDS-supporters oan de kant fan it fjild. Wa kin ús oan in moaie foto helpe? Mail se nei DeTreffer@vv-sds.nl.

NK-keatsen
Wy fûnen wer in soad SDS’ers op de listen foar sneon en moandei foar de NK-junioaren en senioaren keatsen yn Frentsjer. Û.o. Geert Dijkstra, Erik en Jacob-Klaas Haitsma, Bauke Dijkstra, Pytrik Hiemstra, Feite de Haan, Redmer Strikwerda, Skelte Anema, Marten Faber, Bote Strikwerda, Jelte Pieter Dijkstra en Feiko Broersma binne ien fan de 2 kear of sels beide kearen aktyf. Sjoch hjir foar de listen.  

Keepers(2)
Wy krigen al gau 2 reaksjes op de prachtige redding fan Gordon Banks dy ’t jim juster op de side besjen koenen. Sawol Sicco Scheltema as Jildert Hylkema mailden ús mei miskien wol in goeie tip foar SDS. SDS is ommers ek op syk nei nije keepers. Hjir de tip fan Jildert:
Ik seach op de webside it verwijt dat we it altyd oer oanfallers hawwe. Hjir dan nog een filmke fan een talentvolle Argentijnse doelman. Hij waard alris Wereldkampioen foar spilers under de 21 jier, yn it team fan under oaren Leo Messi. Dizze Oscar Alfredo Ustadi stiet folgend seizoen bij FC Barcelona under de latte. Folgens de Dutse webside transfermarkt.de hat de ploeg fan Frank Rijkaard mar leafst 20 miljoen euro betelle foar de man fan Independiente(klik
hjir). 
mvg. Jildert

Ari
SC Heerenveen is sa goed as rûn mei de opfolger fan Alves; Ariclenes da Silva Ferreira(sjoch hjir) oftewol Ari. Hy fuotballet no noch by Kalmar FF. Klik hjir om him oan it wurk te sjen by Kalmar FF.


Letter mear!