Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
23 mei 2007
Wepperkes -freed-
24 mei 2007

Futsal: SDS 1 ûnderút
SDS 1 hat justerjûn syn earste wedstryd yn de neikompetysje thús mei 6-3 ferlern. Hoe as wat witte wy net. Wy lêsden it op Futsal.nl. SDS 1 spilet folgende wike freed yn Stiens de weromwedstryd.

Beslissingen
Dit wykein falle de lêste beslissingen yn it amateurfuotbal. Wa’t sneon of snein noch efkes in wedstryd besykje wol, kin kieze. Sjoch
hjir foar de mooglikheden. SDS 2 spilet sneon yn Hearrenfean om 14.30 tsjin Drenthina 2 om in plakje yn de Reserve-1e Klasse.

Nei it Hearefean!!
Wy ferwachtsje dat eltsenien dy ’t SDS in waarm hert tadraacht sneon nei it Hearefean ta komt om SDS 2 oan te moedigjen yn de finale fan de neikompetysje tsjin Drenthina 2. SDS sit namelijk wat te krap by kas om soks dwaan(klik hjir).

Ynternetsponsers
Ús ynternetsponser Concordia Design hat der foar soarge dat wy no ek rjochtsûnder in banner(reklamebalke) hawwe wêr ’t sponsers yn stean kinne. Ynmiddels hawwe sy ek de haadsponsers fan SDS, Hanzedruk en American Base derby setten. Wolle jo ek ús webside sponserje, mail dan nei info@vv-sds.nl.

Moai waar….
It is moai waar. En dat betsjut dat je wat minder efter de kompjoeter sitte. Dat is spitich want sa’t it no liket komt er yn de lêste Treffer neat te stean fan de folgende alvetallen. Want wij hawwe de jieroersichten noch net binnen. Dat soe wol spitich wêze.
SDS1, SDS 5, SDS 6, A1, B1, C1, D1, D2, D3, E2, E3, E4, F1, F2, F4.
Dus lieders maile kin noch oant sneon.
Dit is it adres

In poll
Sneon wurdt er yn Frjentsjer troch wer hiel wat SDS-ers keatst op de Jong Nederlân partij. Jim kinne
hjir oanjaan welke SDS-doarp at jim  it heechste ynskatte.

Keepers(3)
Ek Sicco Scheltema wie it der wol mei iens dat der mear oandacht kaam foar keepers. Dit mailtsje krigen wy fan him:
Ja, Meastentiids binne it allinich mar moaie goals, dus ik sil ek es in hiel grut keepertalint sjen litte. Deze keeper hyt Francisco Guillermo Ochoa, hy komt út Mexico en spilet foar de klub America. Yn dit filmke liket it dat dizze keeper neat klem hat, mar oer 2-3 jier, sjogge wy him bij een topclub(klik hjir).

Van Gaal
Dy Louis van Gaal kin best aardich aktere. Sjoch hjir rûn ûngefear 26 minuten en 30 sekonden.



Letter mear!