Wepperkes -tiisdei-

Concordia Design nije webside-sponser!
22 mei 2007
Wepperkes -woansdei-
23 mei 2007

Futsal: Neikompetysje SDS 1.
Woansdeitejûn meie de sealfuotballers dan eindliks los yn de neikompetysje. Sy spylje moarn om 20.00 yn de sprorthal yn Easterein de earste wedstryd tsjin Avanti 2. Freed 1 juny is de weromwedstryd yn Stiens. De winner fan dizze twastriid spilet folgend seizoen yn de Haadklasse. Der hoecht hjirnei dus gjin finale mear fuotballe te wurden sa ’t wy earder melden(sjoch
hjir).
Dit is de seleksje foar moarn:
Jan-Simon, Feite, Anne, Peter, Harm, Tsjipke en Skelte.
26 maart hat SDS 1 foar it lêst de seal fan binnen sjoen……….

Tarieden
Om hielendal tarieden te wêzen op de finale fan de neikompetysje kommende sneon foar SDS 2 hat Enne Jehannes Bruinsma it ynternet efkes ôfstrúnd nei ynformaasje oer Drenthina 2. Hy fûn it ferslach fan ôfrûne sneon fan Drenthina tsjin CVVB 4. Neidat de earste wedstryd yn 0-0 eindige wie koe it yn dizze wedstryd noch alle kanten op. Sjoch
hjir foar it ferslach. It mei dúdlik wêze dat Drenthina net gau fan opjaan wit.

Knap
Foar de measte spilers fan SDS 1 is it net sa dat sy rust hawwe no it seizoen foar SDS 1 dien is. In stik of wat spilers binne mei SDS 2 de neikompetysje yn, inkelde spilers traine al op de Terp foar Wommels-Easterein en de rest keatst sneons.
De keatsers dogge it net ûnfertsjinstlik. Wêr ’t Feite de Haan wol gauris te finen isyn de prizen wie it ôfrûne sneon de beurt oan Dirk-Yde Sjaarda en Erik Haitsma. Tegeare mei Pier Piersma pakten sy yn de Haadklasse yn Sint Anne in knap 3e-plak. Henk Bootsma makke dêr foto’s.


Nije websponser
Concordia Design is ús nije wepsponser. It jonge bedriuw fan de twa SDS’ers Mark Postma en Rudy Dijkstra sille it ûnderhâld fan ús webside ek fersoargje.


Prizen
De prizen foar de SDS-League binne útkeard. Allegear fan herte lokwinske! Keapje der wat leuks foar………..

Binnen
Wij hawwe tasein dat wij jim goed op de hichte hâlde welke alvetallen harren jieroersicht ynlevere hawwe:
Fan de folgende teams is wat binnen:
SDS 3
B2
E1
F3
F5
Futsal 1 
Futsal 2
Futsal 3
At it yn dit tempo trochgiet dan komt de lêste Treffer ein july út. Lieders. Mail it nei
dit adres.

Broer nei Oeverzwaluwen
Nei jierren by Workum keept te hawwen gie Broer Wiebe de Ringh yn 2003 nei SDS. Hy hat hjir 1 jier foar SDS keept en gie doe nei Bolswardia. No nei 3 jier hat hy it yn  Boalsert wol besjoen en giet hy nei Oeverzwaluwen. Dit artikel kamen wy tsjin op de webside fan Oeverzwaluwen(klik
hjir).

De 10 moaiste
As je 1000 goals makke hawwe dan is de kans grut dat der ek in pear juweeltsjes tusken sitte. Hjir de moaiste fan Romario(klik
hjir).

Gordon Banks
Meastentiids hawwe wy it oer moaie goals en nea oer moaie reddingen. Wy wolle jim no dochs ien fan de beste reddingen ea sjen litte. Hy is fan Gordon Banks, de keeper fan Ingelân, op it WK fan 1970. Hy keard hjirby in sekere goal fan Pelé fan Brazilië(klik
hjir). Pelé wie de earste fuotballer dy ’t mear as 1000 goals makke. Hy hoefde allinnich net sa lang te rekkenjen as Romario.