Wepperkes -woansdei-

SDS League: 3 ploegen op nûmer 2.
28 september 2005
Wepperkes -tongersdei-
29 september 2005

Goeie tiden minne tiden
Om de “goeie tiden en de minne tiden” te ûtflechtsjen, wiene wer hiel wat (jonge)mannen nei de sporthal flechte om SDS 1 tsjin ZVF 1 fuotbaljen te sjen. Mar helaas die om goed 8 oere al bliken, dat it ek hjir in minne tiid waard want de skiedsrjochter kaam net op.
Sa wiene de spilers en supporters allegear op tiid om nei PSV te sjen. Hooplik levert dat goeie tiden op. Dan is it wer yn evenwicht.

Voetbalnoord wike sjoernaal
Voetbalnoord bringt sûnt koart in wike sjoernaal út oangeande de 1ste klasse E. In nijsgjirrich oersjoch wêryn de kommende tsjinstanner fan SDS ôfsetten wurdt tsjin SDS. Programma, doelpuntenmakkers, skiednis ensg. Jim kinne it hjir lêze.

Stikken
Der rinne aardich wat knappe koppen rûn by SDS. Sawol dokter Jeroen, dokter Gearard, dokter Hendrik en dokter Freddie hienen it by it rjochte ein. Op de röntgenfoto seagen jimme Dennis syn goeie foet en tean nûmer 2 en 3 (fan links ôf) binne kapot. Suster Rienie fan de earste hulp yn Snits koe dit befestigje. Allinne dokter Ate Feite fan foarhinne Nijlân siet der fier nêst mei syn antwurd. Yn dit gefal kinne wy it him net kwalijk nimme fansels want hy hat it drok mei syn oare hobby; in hús ferboue. Hjir de antwurden dy ’t wy binnenkrigen:
*Die rontgenfoto is folgens mij fan syn rjochter han…
Ate
*Tjeenties fan Dennis,
Ut binnen de metatarsale twa en trije
SEH Sneek, Rienie

*Ik wit t wol!!
It bin sien wiis-tean en sien middel-tean!!
Grutte hoi!! Gerard
*Hoi,
Ik ha self kwart lien de dikke tean brutsen, maar Dennis hat de twa die der nest sitten brutsen.
Betteskip Dennis
Jeroen Hoek
*Hoi,
Folgens mij is dit syn goeie fuot.
Freddie
*Goeie jun ,
Ik tink dat it de wiistean en de middeltean is die bernard brutsen hat.
Groetenis Hendrik de Jong.

Stikken(2)
Dennis moat dizze of folgende wike wer nei it sikehûs om syn gips ferfange te litten. Hy kriget dan loopgips. Hjir moat hy 6 wiken mei rinne. Hy hat net allinne syn twa teanen stikken mar ek syn middenvoetsbeentje. Hy is der dus noch net klear mei. Klik hjir om Dennis betterskip te winskjen!
hspace=0
Betterskip!!

Futsal
SDS 1 spilet jûn thús om 20.00 oere tsjin ZVF. SDS 2 spilet om 21.00 oere út by RENADO. SDS 3 hat tiisdeitejûn al spile tsjin Bolswardia. Wy binne benijd nei de útslach. Maile kin nei info@vv-sds.nl.

Reklameboerd Versuiteigenoven.nl
De oprjochters fan de webside versuiteigenoven.nl binne drok oan ‘e gong mei in reklameboerd foar de plaatselijke fuotbalklup VV Nijlân. Sy freegje donateurs om foar €5,- mei te dwaan. Klik hjir om te lêzen hoe ’t it der mei giet.

It liket krekt of hat The Happy Family in pear letters sponsore…..

Relatienummers KNVB
Ek leiders, skiedsrjochters, fersoargers ensfh, hawwe lykas alle fuotballers in nûmer by de KNVB. Dit nûmer wurd brûkt op de wedstriid formulieren. Op dizze webside kinne je no by de betreffende ploech sjen welk nûmer b.f. de leider hat. Maklik om te witten at it wedstriidformulier ynfult wurde moat. Yn de kommende Treffer stiet de hiele list mei nûmers. Net alle leiders hawwe in nûmer.

Letter miskien mear….