SDS League: 3 ploegen op nûmer 2.

Wepperkes -tiisdei-
27 september 2005
Wepperkes -woansdei-
28 september 2005

Nieuw Noord Olé fan JD hat ôfstân naam fan de nûmers 2. Hy hat no in gatsje fan 10 punten.


De sfear sit der aardich yn by Nieuw Noord Olé.

Der steane 3 ploegen op nûmer 2. It giet om de Jelsmanian Devils fan JSJ, Manchester United fan JK en Eastender Nightmares fan STW. De Eastender Nightmares pakke ek lyk de wykpriis mei 38 punten. Sy hawwe dizze wike 1 punt mear as De Knapste Jonges fan A. en PW dy ’t forige wike de wykpriis al pakten. De Knapste Jonges komme no op it dielde 5e plakje.

Op sich de beste ploeg(FB) hat it wol bekeken boppe yn de ranglist en sakket fan 2 nei 9.

Foarhinne Ponghâlder FC(PW) sakket ek aardich. Hy giet fan 18 nei 5). Hjirmei is hy noch net de grutste daler. Dat is namelijk Djumbo fan IdB. Hy sakket fan 11 nei 39 mei mar 8 punten fan ‘e wike. Dizze coach hat it fêst te drok mei fakkefullen.

http://217.148.171.144/productimages/autoimport/706300_706399/000000p706325_bg_front.jpg
8 punten mar????…….Eyaheeeeeee………

It is in min begjin foar inkelde fuotballers dy ’t it foarig jier wol goed dienen. Sa hat Hansson fan SC Heerenveen bygelyks noch mar -2(!) punten. Ek Huntelaar(SC Heerenveen) hat noch mar 0(!) punten. Toppers binne Arveladze(36 punten), Kuijt(34 punten) en Perez(33 punten. Beste keeper oan ’t no ta is ferrassend Rene Ponk fan Sparta mei 21 punten. Beste middenfjilders binne Sneijder fan Ajax en Landzaat fan AZ mei beide 19 punten. Jimme kinne alle punten besjen op
www.competitiemanager.nl. It puntentotaal ferskilt iets mei dy fan de SDS-League om ’t wy letter begûn binne.


Hansson giet oan ’t no ta noch hurd ûnderút.

Degenen dy ’t net mear witte hoe ’t it no ek alwer mei de puntentelling siet, moatte hjir efkes sjen:
puntentelling SDS League.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 3.

P.s. Om ’t der wat minder minsken meidogge mei de SDS-League is it prizenjild wat oanpast. De prizen fan 6-10 komme dizze edysje te ferfallen. Nei it winterskoft sil der fêst wer wat mear dielname wêze en binne dizze prizen gewoan wer te winnen.

Prizenjild SDS-League:
1e priis: € 100
2e priis: € 75
3e priis: € 50
4e priis: € 40
5e priis: € 30
Lêste: Poedelpriis
De wykpriiswinner kriget €12,-.