Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
28 september 2005
Seleksjes foar sneon.
30 september 2005

Fryske dei
Op sneon 15 oktober wolle wy graach in fryske dei organisearje by SDS. Dit sil organiseare wurde rûnom de derby tusken ienige fryske 1e Klassers SDS 1 en BCV 1. Wa wol meihelpe dit op tou te setten? Immie, Dukke en Aant sille freed nei de iepening fan it trainingsfjild al efkes oer prate. Wa liket it wat om dit mei op tou te setten? Klik hjir om je op te jaan. Ideeën kinne je dêr ek kwyt. Tocht wurdt b.f. oan frysk bier, fryske drûge woarsten, fryske flagen, in frysk koekje by de fryske kofje, Omrop Fryslân derby, ensfh. Lit jo fryske en SDS-hert tagelyk sprekke, soenen wy sizze wolle. 
French fries











Yn Amearike nimme se dit ek fries, mar dit hoefe wy net op 15 oktober.



Wat is dit?
Fan Anco Elgersma fan SDS 3 krigen wy de ûndersteande foto. Hy is makke op it trainingsfjild. Wa wit wat dit te betekenjen hat? Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Sil der in olifantemeesje yn ’t fûgelhokje briede?

Kenniswis
Op sneon 7 jannewaris 2005 op de nijjiersresepsje fan SDS sil der wer striden wurde om de titel “fuotbalprofessor fan SDS” Freddy Scheltema en Aant Hofstra binne al wer dwaande mei de tarissingen. Der sille ek dit jier wer trije foarrondes holden wurde op in tongersdeitejûn. (17 nov. 1 des. 15 des.)

Wij hawwe al in oantal kandidaten, mar wolle elkenien dy’t wat mei SDS hat en tinkt in protte te witten fan fuotbal, de gelegenheid jaan him op te jaan.

Opjaan kin bij Fred of Aant en fansels fia de mail.
Lolke Hofstra, de titelhâlder, hat him al pleatst foar de finale. Mei nammen de striid om it 2e plak is losbarsten no ’t Wichard Deinum(nûmer 2 yn 2004 en 2005) oanjûn hat dat hy net meidocht.


Nij spylskema

SDS A2 hat in nij spylskema. Jammer genôch wit net ien hoe ’t it wurket. Enne Bruinsma mailde ús al yn panyk. Leider fan SDS A2, Greetje Bruinsma(frou fan Enne) soe al in oefenwedstriid regelje tsjin CSL, mar koe nergens in fjild krije. Dit hoecht no net mear want SDS A2 moat sneon foar de kompetysje fuotbalje tsjin……..CSL…..
……yn Stiens om 14.30.

Bedankt
Mei tank oan Sicco Scheltema steane de nammen fan de spilers fan SDS D2 no ek by de goeie foto’s. Sjoch ûnder “junioren” by D2. Sicco bedankt!

In jûntsje trainen by SDS A1
Dit mailtsje krigen wy fan Feiko Broersma nei in jûntsje trainen by SDS A1:
Nei fannejoen traint te hawwen mei de A1, doucht en omkleid kaam ik derachter dat myn voetbalskoun der net mear wienen. Neidat we sa is mei syn allen neitochten kaam we al gauw bij een Feyten ut ( Malcolm ). Dit vanwege omdat hij neist mij siet yn de box, mar hij hie ek nog een reden want Andrew syn voetbalskoun wienen kapot. Sil broederlief wol tocht ha, ik nim mooi voetbalskoun mei foar it 2e deel van de Feytens. Dus ik bellie, nei ongeveer 4x de voicemail derfoar han te hawwen kriich ik him derfoar. De skoun wiene inderdaad bij hem yn de tas belane, hij soe ze wol even op de scooter bringe. 5 Minuten letter bellet der wer, scooter net oan de praat te krijen. Dan moest ik ze zelf mar ophellie, ik richting de Feytens. Oansjoen ik it paad net wist ik Bauke mei as coordinator om it paad te wizen, oer de net al te brede fietspaden, veneige bregjes en yn it donker kamen we oan op e Pole. En ja der wienen myn voetbalskoun sadat ik sneon tog wer mei myn vertrouwde skoun op it fjild stean kin. Binnentroch via Itens koe ik mooi wer op it fytske nei hus en de 2e helte van PSV nog even sjen.
Feiko Broersma



Miskien letter mear!