Wepperkes -woansdei-

Wêr moat de nije elftalfoto nommen wurde?
28 juni 2005
Wepperkes -tongersdei-
30 juni 2005

Nije elftalfoto
Binne jim der al út wêr ’t de nije elftalfoto fan SDS 1 nommen wurde moat? Mail it nei info@vv-sds.nl!

Teamyndielingen
De nije teamyndielingen foar de senioaren binne klear. Wy hoopje sy binnenkoart binnen te krijen en sy gau op ynternet sette te kinnen.

Kilts
Dirk-Yde Sjaarda hat wiken yn Skotlân sitten en koe foar himsels mar noait in skaplike kilt fine. Spesjaal foar de feesten hie hy al kilts regele foar syn freonen fan de keatsferieniging.
Photograph
Sûnder ûnderbroeken wie mei dit waarme waar de stank net te hurdsjen yn ‘e tinte.

Yn it himd!
Dirk Yde hie sels dus gjin kilt en stie dêrtroch moai yn syn himd.
Photograph
Dirk Yde Mc Sj…
(Bron: www.dophok.tk)

Fiskje
Sa simmers kinne je moai ris te fiskjen. Je kinne te seefiskjen mar je kinne it ek tichter by hûs sykje. Sa kinne je ek hiel moai by Ate op de brêge fiskje(klik hjir). Wy witte allinne net as Ate hjir wol sa wiis mei is.

Nijs?
Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl.