Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
29 juni 2005
De nije elftalfoto!
1 juli 2005

De A’s gean 12 augustus los!
Justerjûn hat de technische staf fan de A´s byinoar west om de tarieding op it kommende seizoen te besprekken.
De earste training (foar alle A-junioren) is op freed 12 augustus om 19.00 oere. Nei ôfrin is de kantine iepen om de seizoensiepening wat mear kleur te jaan.
Woansdei 17 augustus 2005 om 19.00 oere is de earste oefenwedstriid thús tsjin LSC A1.
(P.s. Marco en Klaas tige tank foar jim ynformaasje!)

Nije elftalfoto
Ferskiedene minsken hawwe ús al mailt oer it plak fan de nije elftalfoto en der is noch net 2x op it selde plak stimd. Binne jim der al út wêr ’t de nije elftalfoto fan SDS 1 nommen wurde moat?  Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Nieuw-Noord
SC Heerenveen hat in lytse “hurde” kern yn de foarm fan supportersgroep Nieuw-Noord. Sy hawwe oan ’t no ta sa ’n 750 leden. Wy wienen benijd as sy ek SDS ‘ers ûnder hun leden hawwe. Yn it nijste blêdsje NoordNieuws docht bliken dat Nieuw-Noord 9 Wommelsers en 4 Eastereiners as lid hat. Út betroubare bron hawwe wy fernommen dat der ek in Hinnaerder lid is. Kommend seizoen hawwe sy allegear in steanplak yn it Abe-Lenstra-stadion. Liket it je ek wat, sjoch dan ris op
www.nieuwnoord.org.

Skotse fan!
Yn Skotlân bliket SDS ek al fans te hawwen. Dirk-Yde spotte dizze fan.

Frederik Clayton Uisdean Keegan……

Priiswinners SDS league
As it goed is hawwe hast alle priiswinners fan de SDS League hun priis binnen. Allinne poedelpriis-winner Tamme de Boer wachtet noch op syn “poedel”.

Jeugdteams
Dit binne de teams dy ’t dit jier foar SDS útkomme yn de junioare- en pupillekompetysjes:
A1, A2, B1, C1, C2, D1, D2, D3, E1, E2, E3, E4, F1, F2, F3 en F4.
SDS F4 kin noch wol wat spilers brûke. Binne der bêrn dy ’t hun graach oanmelde wolle klik dan
hjir of gean nei Aan-/afmelden(sjoch links fan ’t skerm).

Liftwedstriid
Folgende wike wurdt d
er fanút Uden in liftwedstriid hâlden. Hjir dogge Tseard Hofstra en Sjoukje Koudenburg ek oan mei. Sy binne de ienige Friezen dy ’t meidogge. Je kinne harren folgje fia www.liftwedstrijd.com.

Idee?
In coach dy ’t syn banksitters sa tefreden hâlde kinne moat wol in goeie coach wêze.
Photograph
Mei tank oan www.dophok.tk.

Nijs?
Hawwe jimme noch nijs, mail it dan nei
info@vv-sds.nl.