Wêr moat de nije elftalfoto nommen wurde?

Wepperkes -tiisdei-
27 juni 2005
Wepperkes -woansdei-
29 juni 2005

SDS kriget hieltiten mear mei SC Cambuur te krijen. Lykle Bleekveld wurdt trainer fan B-jeugd, Marcel Frankena is jeugdcoördinator en Wommelser Erik Haitsma spilet by Cambuur yn de A-jeugd. Dêrtroch moatte wy as webmasters ek hieltiten mear de webside fan SC Cambuur besykje foar nijtsjes.

No kamen wy fan ‘e wike in aardich nijtsje tsjin. It docht bliken dat de Cambuur-supporters it leafst sjogge dat de offisjele elftalfoto fan SC Cambuur foar kommend seizoen wat harren betreft by de Oldehove nommen wurde moat. 45% fan de Cambuur-supporters keazen hjirfoar. Ús Mem krige 10% fan de stimmen, it stadion 20% en foar de tribune 25%. Foar it Abe-Lenstra-stadion wie gjin opsje.

Wêr fine jim no dat de nije elftalfoto fan SDS 1 nommen wurde moat?
A. Foar de kantine.
B. Yn ‘e goal mei it tsjerke op de eftergrûn.
C. Tusken Wommels en Easterein.
D. Op it B-fjild mei de wynmûnen op de eftergrûn.
E. Op it nije trainingsfjild.
F. ……………..(sels yn te fullen)

Mail it nei info@vv-sds.nl!!


Dit liket net sa gek.