Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
3 mei 2005
Wepperkes -tongersdei-
5 mei 2005

Kenner fan de twadde klasse
Noch altiten komme der gokjes binnen. Want sa meie wy it dochs wol omskriuwe at je nei de totale list sjogge. Want neffens al dy ferskillende kenners dogge alle ploegen earne oan mei. Der binne sels in pear klups by dy’t boppe-yn en ûnderoan meidogge. Neffens Henk Postma fan it Fean bygelyks pakt Nijland bygelyks in perioade. Arjen Kort fan Buitenpost hat noch alle hope foar it Feam, wylst tal fan oaren it Fean (hast) degradearen sjogge. Sjoch foar de folsleine list
hjir 
Mail jim foarsizzings nei
info@vv-sds.nl!

Degradeare: hoe sit dat no krekt
By Waterpoort Boys binne se fansels ek oan it rekkenjen slein omdat de posysje noch wat faai is. Men hat it reglemint foar degradaasje der mar efkes by pakt om te sjen hoe’t it sit. Sjoch op de side fan
Waterpoort Boys.

Fraachje
Wy sette soms ek wol ris in nijtsje op voetbalnoord.nl .Soms krije wy dan hiele bemoedigjende mailtsjes binnen, wêr’t wy ús lykwols hielendal neat fan oanlûke.
Aan: een Neanderthaler
Ga je ook nog een keer in het Nederlands schrijven, of blijf je in dat onleesbare, achterstaand en achterlijke dialect schrijven???
Afz: Een Mens


Fan it 11stêdenfront
Ek de twadde dei sit er op foar de dielnimmers. Wy hawwe neat heard fan útfallers en meie der fan út gean dat it peloton moarn op de route tusken Warkum en Harns te bewonderjen falt.

Drok, drok, drok
Tiisdeitejun(juster) gean we wer fjierder mei it oansluten fan kabels. Gelokkig is Klaas Overal der ek wer sadat we ek  it strjittewurk wer oppakke kinne.
Neie wike woansdei sil de nuon komme sadat we dan oer kinne nei us neie stroomversjinning van 3 x 80 Ampere
Oant sa fier it leste neis van de “Skoalleseize”
Bestuur Stichting “Skoalleseize”

Op ‘e Kop
By de Scheltema’s wie it juster fansels in gekkeboel nei de winst fan Liverpool tsjin Chelsea. Hjir syn mailtsje:

It kin us net folle skele…..it seizoen yn huize Scheltema is goed!!! Op de tafel stien nei it leste fluisignaal. Liverpool nei de finale!!!!
You never walk alone.
Freddie en Sicco

Jeugd nei Heerenveen-Ajax west
De 80 jeugdspilers hawwe moandei by de jeugdwedstriid tusken SC Heerenveen en Ajax west. Hjirûnder de foto’s(mei tank oan Sjieuwke Yntema):

Moai waar!

De sinnebril koe wol mei.

Der waard net folle juicht.

It fuotbaljen is rjochts.

Wat in pompeblêden!

Hie Douwe Durk syn fluit ek mei?

Net allinich as dy grutte haadstêd……ek as dy grutte havenstêd…..