Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
4 mei 2005
SDS League: De Voortzetting pakt de wykpriis!
6 mei 2005

Oflast
Jacob Klaas Haitsma, de nije haadklasser, hie tastimming krigen fan de keatsbûn om sneon mei te fuotbaljen tsjin QVC ynstee fan te keatsen yn Jorwert. Ek sûnder tastimming hie hy meikind. De wedstryd is ôflast en sa kinne dus syn maten en syn tsjinstanners sneon moai efkes yn Easterein sjen.

Noch ien dei

Freed kinne je foar it lêst in gokje weagje om de titel”1ste klas kenner fan de twadde klasse K”. De winner krijt (eventueel nei lotsjen) it prachtige SDS horloazje. Wy ferwachtsje noch wol wat kenners! maile kin nei info@vv-sds.nl

Drok
Tsjipke Klaas Okkema krijt it sneon drok. Earst om 10 oere keatse yn Wommels en dêrnei om 14.30 oere fuotbalje yn Easterein. Of hie hjir efter stean moatte o.i.o. (of in oar)


SDS 2 2-1 efter?
SDS 2 stiet mei 2-1 efter by Noordscheschut. It lêste kertier is noch net spile. De skiedsrjochter hat der in ein oan makke(oan de wedstriid…). Hy hie der gjin nocht mear oan nei reade kaarten foar Ruerd, Dennis en Marten. Ek Henk wie ferfelend neffens de skeids en kin ek noch wolris in skorsing ferwachtsje. De seleksje tinnet sa gau út.

SDS League
Moarn kinne jimme hjir de nije stân fan de SDS League besjen.

.