Wepperkes -tiisdei-

Wa wurdt 1e klas kenner fan 2e klasse K?
3 mei 2005
Wepperkes -woansdei-
4 mei 2005

11stêden nijs
De rin11stêdentocht is tiisdei úteinsetten yn Ljouwert. Moarns om 7 oere sette it peleton útein. Tsjin 11 oere kamen de earsten yn Snits oan foar de earste echte stimpel. De tocht waard ferfolge nei Drylts en Sleat.

Tsjin healwei 12 oere kaam de fertsjintwurdiger fan SDS dy’t him dit jier opoffere hat om dizze monstertocht mei te rinnen: Oebele Anema fan Mantgum


Hy wie noch sa fris as in ierdbei en rûn der mar wat sportyf by yn de koarte broek. Mei nocht seach hy út nei syn twadde stimpel dy’t hy krige fan:


syn kollega Aant, dy’t helaas/gelokkich net mei dwaan koe (en woe) troch in inkelblessure.


Ek mister SDS E1 Siepie Fopma hie him ynskreaun foar dizze tocht. Tegearre mei Pietie Abma kaam ek hy lâns foar in stimpeltsje en in oantal bemoedigjende wurden.

Ek Eile de Boer (hjir op archyffoto) , lieder fan B2, rint de tocht mei.

SDS 4 befrijt him foarlopich fan ynhelduel 
It op befrijingsdei fêststelde duel tusken SDS 4 en Wykels Hallum giet tongersdei 5 maaie net troch. Nije wike sil dizze wedstryd spile wurde op 10 maaie(?)

Foarsizzing
Fan hast alle klups út de twadde klasse hawwe wy wol in foarsizzing krigen oer it slot fan dizze kompetysje. Utsein fan QVC. Werom net? Doare se net, meie se net gokke yn Starum, hoege se dêr gjin horloazje omdat se net op oere en tiid lette of hawwe se dêr noch gjin ynternet. Wy binne oars wol benijd nei de miening fan Starumers. De lêste bydrage dy’t wy krigen hawwe is fan Jelke Visser fan Hurdegaryp en hy sjocht syn klup seker net degradearen. Sjoch foar de folsleine list
hjir 
Mail jim foarsizzings nei info@vv-sds.nl!

Oare dei
De bekerwedstriid tusken SDS 2 en LTC 2 yn Assen wurdt net spile op woansdei 11 maaie mar tongersdei 12 maaie. De wedstriid begjint om 19.00 oere. De SDS’ers sille sjen as sy op ‘e tiid komme kinne.


Maile foar dit of dat kin nei info@vv-sds.nl