Wepperkes -woansdei-

SDS League: Sibe kriget konkurrinsje
16 maart 2005
Wepperkes -tongersdei-
17 maart 2005

Peasketiisdei
SDS 3 spilet tiisdeitejûn 29 maart om 19.00 oere hun thúswedstriid tsjin ONS 3. Dizze wedstriid waard earder ôflast. Hooplik is keeper Jappie Wijnia dan net mear skorst(?!)

In oere SDS 1-ONT 1
Tiisdeitejûn 5 april wurdt it restant fan SDS 1-ONT 1 fuotballe. De wedstriid begjint om 19.00 oere. Der moat noch ûngefear in oere spile wurde. By ONT binne sy der net sa wiis mei om dizze wedstriid op jûn te fuotbaljen. Hjir de reaksje fan de webmaster fan ONT, Sjouke Walinga;
Het zal je duidelijk zijn dat ONT hier niet erg blij mee is. Even kijken, 19.00 uur spelen, het is een uur rijden om van Opeinde in Oosterend te geraken. Dat betekent dat de spelers om 17.00 moeten vertrekken om, zoals altijd, een uur voor de wedstrijd aanwezig te zijn! Nou, dan moeten we maar een ONT diner bereiden en dat de jongens voor vertrek laten verorberen. Dat heeft twee jaar geleden vóór een beslissingswedstrijd tegen Bolswardia ook goed gewerkt.
Voor meerdere spelers zal dit vroege vertrekuur het opnemen van verlofuren betekenen (en voor een enkeling misschien zelfs niet aanwezig kunnen zijn).
Lekker!
Sjouke Walinga, webmaster ONT.

Midsimmercup 2005
Ek dit jier wurdt de Midsimmercup wer ferspile yn Dronryp. Nei it sukses fan foarich jier is beslúten om it wer te organisearjen. By de heren dogge der 40 teams mei en by de dames 10 ploegen. Foar SDS docht it 1e sealteam heechstwierskynlik wer mei. Fierders hat û.o. Harkemase Boys tasein mei te dwaan. De Midsimmercup wurdt hâlden op sneon 11 juny. Set it dus fêst yn ‘e aginda.

Sneon: SDS 1 – Nijlân 1!
Sawol op de webside fan Nijlân(sjoch hjir) as hjir op de side is it noch aardich rêstich foar de derby fan kommende sneon, SDS-Nijlân. En dat wylst de wedstriid earder dit seizoen yn Nijlân dochs net sûnder eigenaardichheden ferûn(SDS joech Nijlân flink klop, middenstip SDS útgroefen, skoreboerd SDS yn Nijlân, ensfh.). It ienige nijs wat wy oan ’t no ta melde kinne is dat it noch net wis is as Wommelser Ates Feikes de Boer wol meidwaan sil by Nijlân. Sûnt 2 wiken hat hy de hân yn it gips en it is net wis as hy hjir mei fuotbalje kin.
Hawwe jimme wat te melden oer dizze wedstriid, mail it dan efkes nei info@vv-sds.nl.
 Hat Speerstra noch nijs?

Fenfan
Wy krije net safolle foto’s mear binnen, mar wy moatte de 50 helje kinne. Mei dizze foto’s derby komme wy al op 49. Mail jimme foto nei info@vv-sds.nl. Hjir noch in pear:

Dêr is nûmer 50 al.

Dit is gjin sjirt te nimmen. Dit is mear in jurk

Is dit wat?
Mocht SDS nochris in fuotballer sykje mei in knappe lange traap dan is dit miskien wat(klik hjir)


Miskien letter mear!