SDS League: Sibe kriget konkurrinsje

Wepperkes -tiisdei-
15 maart 2005
Wepperkes -woansdei-
16 maart 2005

Boppe-oan yn de SDS League stiet foar de 3e wike efterelkoar Sibe’s Sjokkers. De konkurrinsje is al wat tichterby kommen. Sa gie Iced Earth United fan RJ fan it 18e nei it 2e plak mei 48 punten. Hy pakte hjirmei de wykpriis.

Sibe stiet noch boppe-oan, mar foar hoelang noch?

Ek op nûmer 3 ien fan it Skrok. Noch noait in krokodil sjoen dêr, mar dy bliket der al te wêzen. Foar de 4e wike stiet hy al yn ‘e top 3, Schj(n)appie fan IdB.

Mei superstip gie fan ‘e wike de Voortzetting fan S.K.O. Hy gie fan nûmer 45 nei 10. Foar de coach is al in spesjaal spandoek makke.

Origineel!

FC Munnaps(BS) dondert út de top 10. De Spannumer giet fan 4 nei 23.

FC Rambo(SW) hat syn krût fersjitten yn Newcastle. Hy sakket dizze wike fan 15 nei 35.

Fuotbal is gjin oarloch mear……..

Ûnderoan stiet al foar de 3e wike FC ’s Keeseningen fan CA. Nei ferlûd hat hy it te drok mei iten siren(sjoch hjir).

Groeten, Willem

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 4