Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
16 maart 2005
Wepperkes -freed-
18 maart 2005

It 1e ljipaai fan Fryslân
Wy krigen sa ’n twa dagen foar de derby tusken Nijlân en SDS dan dochs wat nijs út Nijlân. No ’t der net mear aaisike wurde mei docht yniens bliken dat yn ‘e buert fan Nijlân it 1e ljipaai fan Fryslân al fûn is. Sjoch
hjir oer it hoe en wat.(Mei tank oan Versuiteigenoven.nl)

Ates docht mei!
It wie noch net hielendal wis, mar no is de kûgel dan dochs troch de tsjerke fan Nijlân. Wommelser Ates Feikes de Boer docht sneon gewoan mei by Nijlân 1 tsjin SDS 1. Dit ûndanks syn hân yn it gips. Hjir syn reaksje;
Geniaal is faaks sa simpel…
It spyljen fan Ate Feike is wis troch een like simpele as geniale oplossing, betocht troch de leider fan Nylan 1:
Janneke har luier d’r omhinne tape en klear ist… As it net sacht genoch is foar de weake mannen fan SDS, dan wol ik im ek nog wol fol skiete (litte)
Oant sneon, Ate

Soe Nijlân sneon yn dizze sjurts spylje???


Peter

By B2 hawwe se in spiler minder. Peter Hofstra hat foar sneons in baantsje fûn yn Boalsert. Hy giet helpen yn in houtsaak dêr. Ja krekt : by Peters hout.

 

Jelte de Boer
Sneon krige hij in aardige traap tsjin syn poat oan. Nei ôfrin dochs mar efkes mei mem nei it sikenhûs. Neffens de gelearden dêr wie der neat stikken mar wie de boel wol flink skeind. Efkes rêstich oandwaan dus dizze A-1 spiler. Betterskip.

 

Elger Turksma
Yn de Boalserter Krante kinne wy lêze dat dizze spiler fan D1 in flinke priis (1000 euro) wûn hat by in bonnenaksje yn Boalsert.  Fan herte.

 

De Treffer

Nei dit wykein is de kopydatum fan de Treffer. Hawwe jim noch wat nijs of in koart wedstrydferslach dan kinne jim dat oant begjin nije wike noch maile nei deTreffer@vv-sds.nl.

 

Syn nocht!

Ane Harm Nauta hat wol gauris SDS-ers ûnder hannen. Hy is bliid dat er fansels altiten wer oare minsken binne want altyd de selde gesichten is ek neat. Sommige gesichten kin der net mear sjen. Derom leit ien fan syn fêste klanten fan dit momint mei in masker op de behanneltafel. Wa is dit en wêr liket er op?

Mail it nei info@vv-sds.nl

Spultsje clubembleems
Hjir efkes de skores fan it spultsje oer de clubembleems dy ’t wy fan Mark krigen hienen:
Dirk Yde Sjaarda 31 goed
Dirk de Jong 45 goed
Aant Hofstra 5 goed
Sicco Scheltema 23 goed
Sels kaam ik oan ’t 61 ta. Jûn krije wy fan Sean Noorman fan Burchwert en Jelmer de Boer alle 100 antwurden.
Foar degene dy ’t it noch efkes probearje wol kin
hjir klikke.

Fan welke club soe dit embleem wêze?

Sjoukema 70 jier!
Snein waard Sjoukema 70 jier. Hjir kinne jimme noch efkes de foto’s besjen fan dizze ûnferjitlike dei:

Dizze man hat de hiele dei allinnich yn ‘e tún sitten.

Dat bier rekke dochs net beferzen wol?

Moast hy ek 70 kearzen útblaze?

It wie drok yn hûs.

Sonde om oan te brekken….

Der wie gjin nee te keap.

Sjoukema genoat sichtber.

Miskien letter mear!