Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
8 maart 2005
Wepperkes -tongersdei-
10 maart 2005

Aaisykje
Ferline koene jim sjen dat bepaalde aaileafhawwers tige langstme hawwe nei de aaisikerstiid. Sa makke Hans Kooistra in ljip fan snie om dochs al fêst it gefoel wat te krijen.

It is fansels wer de fraach wannear it earste ljipaai fûn wurdt. Omrop Fryslân hat dêr in wedstriid fan makke en jim kinne mei dwaan. At jim hjir klikke dan kinne jim fia de side fan omrop Fryslan it formulier ynfolle.

It soe fansels leuk wêze at jim ús de datum en tiid ek efkes trochjouwe. Kinne wy sjen wa’t deskundich is. Mail nei aanthofstra@planet.nl

 

Kompjoeterkrash.

Willem sit er mar mei. Moai dat er minsken binne dy’t him dêr foar helpe wolle. Minder moai is dat er ek guon binne dy’t miene dat se de reden fan de krash witte. Neffens Hinke leit it hjir oan.

 

Kransen
It fuotbaljen moat noch los foar de twadde helte fan dit seizoen, dochs binne guon al wer oan it keatstrainen. Mooglik dat soks allegear bedoeld is om dit jier yn oanmerking te kommen foar it felbegeerde krânseklassemint fan SDS.

Wy rekkenje der op dat wy pas yn juny in earste fermelding dwaan sille mar soene it wol op priis stelle dat de âlde krânsen hast fan de muorre helle wurde. Op 1 jannewaris begjinne je mei in skjinne muorre soene wy sa sizze. Dat jildt ek foar Lollum.

 

Sjouke(ma)
Dizze hear op klompen út Itens wurdt snein 70 jier. De famylje hat 10 reaksjes krigen op ús oprop. Alfêst tank dêrfoar. It kin lykwols noch altiten. Mail nei:
skruijer@home.nl

 

Futsal
SDS 1en SDS 2 fuotballe op dizze woansdeitejûn. Wy hope dat se ús jûn noch berjocht dogge fan de útslach. Beide hawwe noch wol wat puntsjes nedich.


Nijs
Hawwe jim noch nijs mail it dan foarlopich noch nei
aanthofstra@planet.nl