Wepperkes -tiisdei-

SDS League: Fûgelfirus slaat ta!
7 maart 2005
Wepperkes -woansdei-
9 maart 2005

Alde doaze
Us archivaris Durk Okkema is de âlde doazen mei Treffers noch ris yndûkt. Hy woe graach efkes sjen wat er yn 1975/1976 yn de Treffer stie oer it frouenfuotbal. Hy kaam 4 nijsgjirrige artikelen tsjin. Jim kinne
hjir ien lêze en de oaren by de rubryk Historie en ûnder it kopke de âlde doaze.

Futsal
Dizze wike wol futsal mar net thús. SDS 1 en SDS 2 moatte beide woansdei út. Ien nei Ljouwert en twa nei Snits. Hopenlik kinne wy tongersdei melde dat se beide 3 punten hawwe.

Fjildfuotbal
Foar kommende sneon is der fansels in folslein programma. Jim kinne it fine ûnderoan by de agenda. Ek it programma fan takem wike stiet dêr bij.


Google tips

Google is in machtich sykprogramma. Seker at je de googlewurkbalke  ynstaleeard hawwe kin dat in protte gemak opleverje. Wat je allegear hiel snel mei google kinne, is
hjir te lêzen.


Chelsea coach
Net elkenien is bliid mei de coach fan Chelsea. Hy tocht nochal  arrogant tsjin de parse en ek tsjin syn kollega trainer Rijkaard. By VI mochten je in spotprint fan him meitsje. At jim
hjir sjogge dan kinne jim ek konstateare dat dat aardich slagge is.

Kaduuk(22)
De komputer fan webmaster W. wol noch altiten net om lyk. It ynternet is net te berikken. Foar de rest doch der it best. Sûnder ynternet is in komputer allinne as in WC sûnder bril. Je kinne him wol brûke mar goed brûke is oars.