Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
9 maart 2005
SDS League: Sibe’s Sjokkers stiif boppe-oan!
10 maart 2005

Futsal: SDS 1 pakt 3 punten
SDS 1 hat juster yn ‘e Blauw-Wyt-hal mei 7-2 wûn fan Friesland 1. Foar SDS waarden de goals makke troch Tsjipke(3x), Harm(2x), Feite en Willem.

Futsal: SDS 2
SDS 2 hat justerjûn ferlern yn Snits. WZS skoorde 6 kear en SDS (Dirk Yde) mar ien kear.

Feest!
Allegear feestjes fan ‘e wike. Moarntejûn fiere Geert en Gatske Hiemstra hun 35-jierrich houlik yn Ús Gebou yn Easterein. Fan herte lokwinske mar fêst.

Foar de betide fûgels
Mocht it fuotbaljen sneon ôflast wurde dan spilet SDS 1 in oefenwedstriid yn Drachten. Sy dogge dit op keunstgers om 10 oere(!). De tsjinstanner is noch net bekend. Geert Hiemstra sil wol net flagje.

SDS League
As it mei sit(en dat sit it op it heden net faak) dan kinne jim hjir jûn de nije stân fan de SDS League besjen.

Op reis
Twa SDS’ers geane der dit wykein op út. Durk Okkema sil op reis nei Milaan om dêr AC Milan-Sampdoria te sjen. Dirk-Yde Sjaarda sil nei Skotlân. Hy giet hjir foar inkelde moannen hinne te stage rinnen. Wy hoopje folgende wike in ferslach fan Durk te hawwen. Dirk-Yde sil ús ek sa no en dan maile.

By de A-seleksje
Om ’t Dirk-Yde de kommende 3 moannen yn Skotlân sit, hat SDS 1 in spiler minder. Om dit gat te fullen hat trainer Lykle Bleekveld Ruurd Boorsma en Jeroen Brouwer by de A-seleksje helle.

SDS 2 yn ‘e seal?
Mocht de wedstriid tusken Noordscheschut 2 en SDS 2 sneon ôflast wurde dan traint SDS 2 om 11.00 oere yn ‘e sporthal yn Easterein.