Wepperkes -woansdei-

Eksklusieve foto’s
26 januari 2005
Wepperkes -tongersdei-
26 januari 2005

Topskoarders Futsal
Yn de seal wurdt der meast faker skoord as op it fjild. It is dan ek dreger om in topskoorderslist by te hâlden yn de seal. Dochs giet it aardich mei it byhâlden fan de doelpunten by SDS 1 en 2. Fan SDS 3 krije wy helaas mar sa no en dan de doelpunten troch. De topskoorderslisten kinne jimme fine ûnder “zaalvoetbal“, “SDS 1 seal” of “SDS 2 seal” en kies dan kansels “doelpuntenmakers“. Klik foar dizze kear
hjir foar SDS 1 en hjir foar SDS 2.

Futsal: SDS 1 en 2 jûn
Sa as jimme lêze koenen is der jûn allegear sealfuotbaljen yn Easterein. SDS 2 spilet om 21.00 oere tsjin Ens 1 en nei dizze wedstriid spilet SDS 1 tsjin de Herauten út Burgum.

Futsal: SDS 3?
SDS 3 hat juster spile tsjin Balk. De útslach is ús noch net bekend. Wa wit it wol? mail it nei
info@vv-sds.nl.

De nije SDS League
Jimme kinne jimme wer ynskriuwe foar de nije SDS-League. Dit kin oan ’t 15 febrewaris. Wy hawwe oan ’t no ta 3 teams binnen. Ien út Boalsert, ien út Nijlân en ien út Wommels. Sjoch ûnder “SDS League” foar de dielnimmingsformulieren.

Te swier?
Sa yn de winterstop, as je net safolle fuotbalje, wol it noch wolris sa wêze dat je 1 as 2 kilo oankomme. Jimme kinne hjir sjen as jimme no ek echt te swier binne. Klik
hjir

Lache!
Dirk-Yde hat it wykein hiel wat sjoen yn Londen, mar dit wie it hichtepunt(klik
hjir).

Twatalich
De measte minsken dy ’t ús webside lêze binne twatalich opfoeden en ûnderwesen. Sy kinne sawol Frysk as Nederlâns lêze en prate en skriuwend komme sy in hiel ein. Wy binne mei syn allen tige trots dat wy twatalich binne. No is de regering fan doel om de Fryske lessen op de skoallen te ferminderjen om oare lessen mear romte te jaan. Fansels giet ús dit fiersten te mâl. Lês hjir mear oer op de webside;
www.temal.tk en tekenje de petysje.
(mei tank oan Klaas Malda) 

Jacob Klaas
Wy fregen ús fan ‘e wike ôf werom Jacob Klaas wol selekteard is (sjoch www.knkb.nl )en alle oare goeie keatsende fuotballers net. Fan de kf Easterein krigen wy in dúdlik antwurd:
De ienige reden dat Jacob-Klaas wol selecteard is foar de 1ste klas KNKB is omdat hij een beroemd broerke hat. Oars soene wij it net witte…

Ajax,Feyenoord en PSV
It moat earne yn novimber west hawwe dat immen by de bar yn de kantine frege: hokker trije spilers hawwe by de trije topklups yn Nederlân spile, wêrby de defenysje is dat Ajax, Feyenoord en PSV ferûndersteld wurde noch altiten topklup te hieten.
De fraach waard net beandere en sa koe it barre dat sommigen harren ljocht earne oars besochten op te stekken. In meiwurker fan de gemeente Snits makke der echt wurk fan en kaam hjoed mei dit berjocht. Sa te sjen hawwe hiel wat fuotbalprofessoren yn Nederlân der oer te set west. Wy hiene ûnderwilens ús nije professor Lolke frege en hy wie resoluut: it binne der mar twa.

Miskien letter mear……