Eksklusieve foto’s

Wepperkes -moandei-
24 januari 2005
Wepperkes -woansdei-
26 januari 2005

*Wenger troue besiker SDS-side?
Nei juster liket it wol dúdlik dat sels de manager fan Arsenal geregeld op de webside fan SDS sjocht. Nei ús melding snein dat Dirk-Yde Sjaarda oanwêzich wêze soe by Arsenal-Newcastle United en dat hy allinne mar kaam foar Dennis “The Menace” Bergkamp, spile hy prompt. It wie foar Bergkamp sels de earste kear dit seizoen dat hy in hiele wedstriid spile foar Arsenal. Dirk-Yde hat de dei fan syn libben hân doe ’t it ek noch Dennis Bergkamp wie dy ’t de winnende 1-0 makke. Dirk-Yde sil fêst faker wolkom wêze op Highbury.

*Dirk-Yde Sjaarda lit ús witte dat hy him snein best fermakke hat by Arsenal-Newcastle United. Hjirûnder syn fotoferslach. Letter dizze wike binne der mear foto’s te sjen op de webside fan it Dophok(www.dophok.tk
).


Soenen sy yn Londen ek bussen fan Arriva hawwe?


Dy man stiet der neffens my al jieren


Dirk-Yde syn grutte idool en “man fan ‘e wedstriid”, Dennis ‘The Menace’ Bergkamp. Bergkamp wol graach foar in jier bytekenje by Arsenal. Dan kin Dirk-Yde ek nochris nei Londen komme.


Grutte stjer fan Arsenal en miskien wol de beste fuotballer yn Ingelân, Thierry Henry.


Ek de Beckhams wienen yn Londen. It gerucht giet dat de Beckhams graach werom wolle nei Londen. David Beckham sil dan wierskynlik net fuotbaljen gean by Arsenal om ’t sy in “salarisplafond” hawwe fan 150.000 Pounds yn ‘e wike(!!??). Beckham giet dan wierskynlik nei de grutte konkurrint……………Tottenham Hotspur.