Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
26 januari 2005
Wepperkes -freed-
28 januari 2005

SDS 1 – Herauten 1       3-3
In spannende wedstriid tsjin de koprinner mei in sinderend slot. Feite, Tsjipke en Harm skoorden. Frustraasjes wiene grut by de Burgummers (letter fêst mear)

SDS 2 – Ens 1       3-4
Ek in ferskuorrend spannende wedstriid wêrby SDS de lêste 5 minuten mei 1 man mear spilen mar net de gelykmakker meitsje koene. Doelpunten fan Dirk Yde (2) en Skelte.

Bertekaartsje
Wy krigen hoed in opmerklik bertekaartsje. En omdat jim it al sa maklik hawwe stiet it der fertikaal op. Efkes goed foar de nekspieren.

Wierskynlik hawwe jim al op murken dat hjir 80 % Reboelje ynsit.

Gewichttest.
Wy hawwe al murken dat de earste gewichttesten dien binne. Opmerkelike reaksje fan immen dy’t “overgewicht” as resultaat mei krige. “Ik bin dus te lyts” 

Agenda
Moarntejûn stride in stik as wat SDS-ers foar de spulregelkup. Sjoch yn agenda, wêr dit is en kom de mannen oanmoedigjen