Wepperkes -woansdei-

Futsal: SDS 1 pakt 3 punten yn Warkum
19 januari 2005
Út in âlde doaze
20 januari 2005

Oefenje
As it waar wat goed bliuwt dan hat SDS 1 moarntejûn in oefenwedstriid. Sy spylje dan om 19.00 oere yn en tsjin De Westerein.

SDS League
Binnenkoart kinne jimme hjir en yn de nije Treffer de formulieren foar de twadde helte fan de SDS-League fine. Klik
hjir om te sjen welke spilers jimme yn de earste helte fan de SDS-League it beste brûke koenen.

Sneon sealfuotbal!!
Kommende sneon 22 jannewaris om 18.30 is der foar senioren gelegenheid om efkes te sealfuotbaljen op it ûnderlinge toernooi. Sy kinne harren opjaan by de lieder.

Net ferjitte!
Moarn(tongersdei 20 jannewaris) is Metsje Huitema, freondinne fan Anne Stenekes en lid fan ‘e Trefferredaksje, jierdei. Har leeftiid sille wy net ferklappe. Jimme kinne har felisitere troch har efkes te mailen(klik
hjir).

Hoe âld soe sy moarn wurde?

Neat te dwaan?
Neat te dwaan jûn? Sjoch dan om 21.00 oere efkes yn sporthal de Greidhoeke. Hjir spilet SDS 3 tsjin FFS(Fuotbal Feriening Stobbegat) 2.

De plofbal
Hawwe je noch net genôch fan ‘e Midwintercup dan moat je seker dit ferslach lêze. Dit is it ferslach fan FVC oer hun prestaasjes tidens de Midwintercup(en it Jan Kostelijk-toernoai) en mei nammen de plofbal. Klik
hjir. Dit ferslach is ek te finen op www.voetbalnoord.nl.

Tegeltsje
Elkenien kin se wol: dy moaie tegeltsjes yn Delfs Blau. Mei leuke teksten en siswizen. Wy woene fansels net efterbliuwe.

Jim kinne sels ek besykje in leuke tegel te meitsjen. Dêrom roppe wy jim op óm in leuke tekst te meitsjen oer SDS. It mei gean oer dizze side, mar ek oer Sjoukema syn klompen, oer in wykein Zandvoort of gewoan oer wat jim sels leuk fine. Mail ús jim tekst of meitsje de tegel sels op. Dat kin hjir

Kopkreaker
Der binne gjin reaksjes mear binnen kommen. Dêrom foar dygene dy’t tochten dat it snein wie, mar dat net doarsten te sizzen : it wie goed.

Miskien letter mear!
Hawwe jimme noch wat, mail it dan nei info@vv-sds.nl