Futsal: SDS 1 pakt 3 punten yn Warkum

Wepperkes -tiisdei-
18 januari 2005
Wepperkes -woansdei-
19 januari 2005

Justerjûn hat SDS 1 mei 3-2 wûn yn Warkum. By SDS dienen Peter(blesseard) en Jan Simon(wintersport) net mei. Samme en Floris namen hun plakken yn.

SDS kaam mar foar ien ding yn Warkum en dat wienen 3 punten. Foarig jier waard nei de Midwintercup lyk ferlern fan Warkum. Dit woenen sy net wer. Dochs siet de Midwintercup de jonges noch aardich yn ‘e fuotten. It spul gie net sa as de jonges fan doel wienen. SDS kaam op foarsprong troch Tsjipke. Mei in bekeken punter skeat hy de bal efter de Workumer keeper. Doe die lyk bliken dat SDS dochs in supporter meinommen hie. It wie âld-SDS-keeper Broer Wiebe de Ringh(no Bolswardia) dy ’t in gat yn ‘e loft sprong. SDS kaam troch Harm op 2-0. Hy rûn goed troch op in slap hakje fan Willem. It wie Tsjipke dy ’t gau hjirnei de 2-1 makke. Nei in foutsje yn ‘e ferdediging fan SDS rûn hy sels de bal efter Samme.

Yn ‘e twadde helte kaam SDS eins net yn ‘e problemen. It wie Willem dy ’t sels de 3-1 makke. Mei in soad gelok(it sil ek ris oars) koe hy nei in korner (wêr hawwe wy dat earder sjoen?) de bal efter de keeper skowe(sjitte koenen je it net nimme). Warkum makke yn de lêste sekonden noch de 3-2, mar dat die der net mear ta.

Samme keepte in knappe pot. Hy liet sjen yn in heal jier goed foarút gong te wêzen. Hy wie net op in fout te betraapjen.

SDS die goeie saken mei dizze winst. Hooplik kin it no gau ôfskied nimme fan de ûnderste plakken.

Folgende wike woansdei spilet SDS 1 om 21.50 oere thús tsjin de Herauten út Burgum. De Herauten steane ynmiddels boppe-oan yn de 1e Klasse.