Wepperkes -woansdei-

Kenniskwis
11 januari 2005
Wepperkes -freed-
14 januari 2005

VV Heerenveen – Jacob-Klaas 1-1
Justerjûn hie SDS 1 in oefenwedstriid tsjin VV Heerenveen. Neffens it ferslach fan Wichard Deinum wie Jacob-Klaas de meast bepalende fuotballer juster(mei tank oan Hilda). Klik
hjir foar it ferslach.

Reaksje Jacob Klaas
Dit is Jacob-Klaas syn reaksje op it stikje fan Wichard;

et wie net nei 20 lange ballen mar nei 2…………………….
en ik hie net lest van de knibbel mar fan die lies en enkel…..
Groeten, Jacob-Klaas


Grinsers yn ‘e Midwintercup
As wy alle ploegen besjogge dy ’t meidogge oan ‘e finales fan ‘e Midwintercup dan falt ús op dat der ien Grinser klup meidocht. It giet om Drs. Vijfje. Dizze ploech stiet mei namme bekend om syn rose outfit. Ek fuotbalje sy net ûnaardich. Sa hawwe sy krekt lyn it goed bezette Winschoter Indoor Soccer toernoai wûn. As sy de Midwintercup ek winne wolle dan sille sy al wat freonliker wêze moatte tsjin hun Fryske tsjinstanners. Klik
hjir foar hun ferslach fan de foarrondes fan de Midwintercup. 

SDS 2 oefent sneon
As it fjild it talit dan hat SDS 2 sneon in oefenwedstriid tsjin Nijlân 2. Dizze wedstriid wurdt spile yn Easterein om 13.00 oere.

Newcastle United – SC Heerenveen
Ek Aant Hofstra en 5 sweagers fan him sille de reis nei Noard-Ingelân meitsje. It is dêr oars gjin waar om te fytsen…..

Net wûn
It wurdt ús hieltiten dúdliker wêrom as Dirk-Yde en Sjoukje de liftwedstriid net wûn hawwe.
Photograph
Dan hie frou Sjaarda âld-jiersdei nei Sweden moatten om Dirk-Yde kâns meitsje te litten.

Treffer desimber 2004
Foar him dy ’t him net krigen hat en wol graach hawwe wol, kin degene hjir de Treffer fan desimber delhelje(downloade).
*Treffer desimber 2004
(alle foto’s misse derút)