Wepperkes -freed-

Wepperkes -woansdei-
12 januari 2005
Spylskema Midwintercup.
14 januari 2005

Reklame
It giet net goed mei de reklameblokjes foar de tillefysje. Dat hie men net mei in djoer ûndersyk oantoane hoeven. Dat wie ús wol bekind, want is is in prachtich momint om efkes te pisjen en te sjen at er ek mail is. Der komme fansels no oare middels. Yn de konsumintengids fan in skofte lyn stie in goed foarbyld. De technyk stiet foar neat.

Midwinterje
Sneon is it safier. SDS ferdigent de kup fan 2004. Fanôf 11.30 yn de Trije. Supporters binne fansels wolkom.

SDS 2
Foar wa’t de reis te fier is, of it feit dat men by fuotbal it gers rûke moat. wize wy op de wedstriid dy’t it twadde sneontemiddei spilet tsjin Nijlân 2. Om 13.00 oere yn Easterein.

Never Walk Alone
By sommige ferskes krije je pikefel as it sjocngt wurdt yn in stadion. Foar de wedstriid Celtic-Barcelona yn 2002 waard You’ll Never Walk Alone songen ter omtinken fan de slachtoffers fan de treinramp yn Madrid. Sjoch en hear it sels………….pykefel……..(klik
hjir).

De leaugue
Nije wike komt de Treffer wer út. Dêryn sil ek wer nije ynformaasje stean oer de twadde helte fan de Leaugue.
Fansels is der dan ek wol wat op dizze side te finen.

Sjoerd en Jan
Sa’t jim witte hawwe dy twa te liften west nei Sweden. In prachtich avontoer, litte se ús witte. At jim harren sneintemoarn nei tsjerke rinnen sjogge dan hat dat te meitsjen mei ien fan dy liften. Hoe ’t dat sit: freegje harren sels hoe’t it siet mei de efangelyske lift.

CSL-kwis
Ek by CSL hawwe sy fan ’t winter in Kenniskwis hân. Dizze waard presintera troch de ús wol bekinde Kees Jansen. Op de webside fan CSL stienen wat foto’s. Sjoch
hjir mar.

Side
De ûntwikkeling fan
www.vv-sds giet altiten troch. It is seker de muoite wurdich om efkes fieder te sjen as it nijs. Der steane hiel wat dossiers op sa stadichoan.