Wepperkes -woansdei-

SDS League: Knikkerboys pakke de wykpriis!
17 april 2007
Wepperkes -tongersdei-
18 april 2007

Kampioen?
De sealfuotballers fan SDS 2 sette jûn alles op alles om kampioen te wurden. Sy binne op folle sterkte en de tsjinstanner is goed analyseard(klik
hjir).
De wedstryd tsjin ZVH 2 begjint jûn om 21.00.

Koopje

Moandeitemiddei: Harm Auke rydt troch Easterein en lit ús syn spiksplinternije auto sjen……;in Peugeot!! “150 Euro hat er mar koste”; sei de trotse eigner en sa rydt hy 2 oere nei syn wurk mei Floris. Hendrik mei Gerard yn efterfolging en ja hear, nei 10 kilometer riden stiet Harm mei Floris yn de berm oan de rûnwei fan Snits. It wie gjin piepernút yn de bân, mar in spiker….Harm sil nei skatting sa’n 75 euro per 10 km unkosten meitsje as it sa troch giet mei syn nije bak…toet toet.
GvA


Nije spits?
SDS is foar kommend seizoen drok op syk nei nije spilers. Om keepers wurdt der drok socht, mar no ’t der dit seizoen sa ’n bytsje skoord wurdt ek nei spitsen. Nei de rapporten fan Chelsea lêzen te hawwen is it begryplik dat sy net yn see geane mei Afonso Alves(klik
hjir).

Nije keeper
Ek Mulier is drok op syk nei spilers foar folgend seizoen. Sy sykje mei nammen in nije keeper(klik hjir). Miskien is dizze erfaren keeper wat foar de Wytmarsumers(klik hjir). 

Memorabel
Spesjaal foar de minsken dy ’t snein nei de Kuip tageane hawwe wy in webside opsocht mei de meast memorabele wedstriden fan Feyenoord. By de Feyenoord-supporters sil it hert seker hurder klopjen gean by it lêzen fan dizze side(klik
hjir).
In moai listje, mar wy misse ien wedstryd:
*18 september 1983, Ajax-Feyenoord 8-2. Feyenoord wordt helemaal weggespeeld door een jong Ajax. Jesper Olsen speelt Cruyff (die dat jaar bij Feyenoord speelde) door de benen en is betrokken bij 6 van de 8 doelpunten, waarvan er drie gescoord worden door Van Basten
.