SDS League: Knikkerboys pakke de wykpriis!

Wepperkes -tiisdei-
16 april 2007
Wepperkes -woansdei-
18 april 2007


It binne fan ‘e wike de Knikkerboys fan Dirk de Jong dy ’t mei 51 punten de wykpriis pakke. Dy 12 “knikkers” hat der mar wer.

“SDI” fan Ids de Boer nimt de kopposysje oer fan “SC Royal Flush” fan Johan Delfsma dy ’t fan ‘e wike blykber minne kaarten hie.

Klaas Dijkstra sakket hieltiten fierder mei “Rob en Frank”. Mei noch 2 wiken te gean kin hy miskien noch krekt by de earste 10 eindigje.

In soad koaches binne mar wat wiis mei Alves(HEE). Ôfrûne snein pakte hy wer efkes 12 punten. Alves stiet by mar leafst 72 teams yn de SDS League yn de basis.

Lolke Hofstra gokt dit kear op 2 hynders. Mei “24 aug. Wommels Boppe” stiet hy 2e en docht hy mei om de 1e priis en mei “Nelis Jong” stiet hy 90e en makket hy noch in (hiele) lytse kâns op de poedelpriis. 

Echt spannend sil it ûnderyn wierskynlik net mear wurde. P. van P.(Pieter Lieuwe van der Valk) slagget der ek dizze wike wer yn mar in bultsje(8…) punten te pakken. Hy stiet noch altiten 36 punten achter op de nûmer ien nei lêst Team Kooistra(Hans).

Sjoch hjir foar de nijste stân: klik
hjir.