Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
18 april 2007
Futsal: SDS 2 kampioen!
19 april 2007

Messidona of Messias?
In goeie tip krigen wy fan sawol Jaap Toering en Jildert Hylkema. Dizze goal sille jim yn de kommende jieren noch faak te sjen krije, mar dan kinne jim sizze dat jim de goal hjir foar it earst sjoen hawwe. Jaap hat it oer Messias en Jildert oer Messidona. Sy hawwe it beide oer in WERELDGOAL!!!(klik hjir)

Futsal: SDS 2 kampioen?
SDS 2 stie juster nei 5 minuten al mei 2-0 foar tsjin ZVH. Neat koe dus it kampioenskip mear yn de wei stean. ZVH wie it hjir net mei iens en wûn úteinlik de wedstryd sels mei 4-3. No waard SDS 2 ôfhinlijk fan de útslach fan Genemuiden 2. As sy wûn hawwe dan is Genemuiden 2 kampioen en by elke oare útslach SDS 2. Fanmiddei 15.00 kinne jim sjen wa ’t der kampioen wurden is.

Noch in pear kear traine
It soe goed wêze dat de SDS 5 en SDS 6 spilers dizze lêste twa wiken noch efkes lekker traine. SDS 6 kin dan mooglik net as ûnderste einigje en SDS 5 kin sels noch twadde wurde. Jûn om 20.00 oere.

Sertifikaten te keap
Om it nije ferieningsgebou finansiere te kinnen hat de Skoalleseize û.o. alle SDS-leden fia in brief frege om in sertifikaten te keapjen. Kommende sneon komme sy by jo oan ‘e doar om de antwurdstroken op te heljen. Om ’t (hast) alle SDS’ers te fuotbaljen binne, en dus net thús binne, meie sy it antwurdstrookje ek ynleverje by:
Douwe Dirk Reitsma Smidslân 11, 8734 HJ Easterein

Poeisz-dukaten
De Poeisz-dukaten-aksje is foar SDS goed slagge. Dit brocht úteinlik mear as €900,-(!!) op.

Snoep-aksje
Ek de jeugdaksje, mei it ferkeapjen fan snoepkes, is goed slagge. De jeugd kaam mei in opbringst fan mear as €1300,-(!!).

Futsal 3
SDS 3 hat woansdeitejûn oan it futsallen west yn Ljouwert. Wij binne benijd nei de útslach.

Spylje  yn in rút
Hoe faak heare wij net dat er op it middenfjild spile wurdt yn in rút. Wa’t net wit wat dat betsjut en 5 minuten 11 sekonden tiid hat, moat efkes nei dit
learsume filmke sjen. Johan Cruyff jout les oan Jan Mulder, Barend en van Dorp en Pieter Winsemius.
Nei dy útlis tochten wij gelyk oan de útspraak fan Johan Cruyff: “wanneer ik wilde dat je het begreep, dan legde ik het wel beter uit.”

Barcelona
Wilma en Karin Sjaarda wiene dit wykein yn Barcelona. Sij binne der yn slagge om it winnende doelpunt, krekt foar tiid, op film te setten. Sjoch
hjir foar dizze unike opname.

Op ferkenning
 
SDS 5 sil op 12 maaie mei de boat nei Snits om tsjin WPB te fuotbaljen. Spits Eddy de Boer mei frou en bern ferkende alfêst de route.

The Battle Returns
Op de webside fan JRF kinne jim no ek de foto’s fine fan it follyballen fan ôfrûne snein(klik
hjir).

Dat follyballen is seker noch aardich dreech…..of hie Feite de fuotbalwedstryd fan sneon noch yn ‘e fuotten??

Boatsje fare
Ate Feike de Boer is al drok oan it trainen foar Wommels-Easterein op 24 augustus. Mocht hy net lid wurde fan SDS en falt de wedstryd foar him yn it wetter dan is hy foarbereid….

Nijs?
Mail it nei
ús!