Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
27 februari 2007
Wepperkes -tongersdei-
28 februari 2007

Net stinne mar der hinne
Jûn wurde jim allegear ferwachte yn de sporthal. SDS 2 moat Genemuiden ferslaan om it kampioenskip yn eigen hân te hâlden. It begjint 20.30 oere.

Doelpuntenmakkers SDS 2 Futsal

Dirk-Yde 40
Skelte 27
Tseard H. 6
Pieter 3
Hendrik 4
Tjeerd B. 2
Sjoerd R. 2
Feite 1
Marten 1
Harm-Auke 1
Eigen goal 1
Sjoerd van B. 0
Floris 1
Sa sjocht it riichje doelpuntenmakkers der út foardat jûn de topper spile wurdt.

Wat oars?
No ’t it trainen juster net trochgie binne wy benijd wat SDS 1 al dien hat. Wa mailt it ús?(klik
hjir).

Ferhúsje
Tsjalling Sikma giet ynkoarten ferhúsjen. Je soenen sizze fan Dronryp nei Easterein. Dit is net it gefal. hy ferhúzet nei ….Ljouwert.

Te keap
SDS hat pupillengoaltsjes te keap. Ien is der al ferkocht. Wa ien keapje wol kin terjochte by Douwe Dirk reitsma(till.332500). It giet om 2 lytse en 1 grutte goal(sjoch hjirûnder).




Nije goaltsjes
SDS hat de âlde pupillengoals fansels te keap om ’t sy nijen krigen hawwe. Dit binne se:


Spektakulêr
It giet fannejûn by SDS 2 fansels om de winst mar as wy as publyk ek mar iets fan dit jûn sjogge dan is de jûn slagge(klik
hjir).