Wepperkes -tiisdei-

SDS League: 2 wykpriiswinners dizze wike!
27 februari 2007
Wepperkes -woansdei-
28 februari 2007

Trainen ôflast
Voor vanavond ligt alle trainen eruit.
Er is vanmiddag teveel regen gevallen tot onze spijt.
Bestuur “Skoalleseize”

Futsalkraker
Moarntejun wurdt de kraker yn de 1e klasse A ferspile tusken SDS(de nûmer 1) en SC Genemuiden(de nûmer 2). Dizze wedstriid kin beslissend wêze yn’e race om it kampioenskip en is derom ek tige wichtig. Derom in oprop oan eltsenien om de mannen fan SDS 2 te steunen yn sporthal De Greidhoeke yn Easterein! It spektakel begjint om 20.30 oere.
Oant dan!!
Groetnis SDS 2

Frij
SDS futsal 1 en 3 binne fan ‘e wike frij.

Skiedrjochters frege
Der binne wer in pear teams bijkommen en dat betsjut ek dat der skiedsrjochters nedich binne. Wa wol yn de kommende twa moanne 5 thúswedstriden fluitsje fan bijgelyks:
D 3 sântal  om 10.00 oere
E 1 sântal  om  9 oere
F5 sântal  om 10.00 oere
Help de jeugdkommisje “dit probleem”op te lossen en meld jim bij
Syb Overal.

Masters fan Catan

Foar it tredde jier op rij organisearje wy it altyd sa gesellige…
The Masters of Catan.
Dit spilet him kommende snein ôf fanôf 12.30 yn de kroech fan nimmen oars as  …Anne Brouwer. Dit wurdt trouwens ek stipe troch dyselde heer Brouwer.
Fine jim it leuk om efkes om it hoekje te sjen, kom gerêst efkes lâns. It bier stiet kâld en it wurdt wer oe sa gesellich.
Wy sykje ek noch 1 striider. Opjefte kin by
dysjaarda@gmail.com as gerardvanasselt@hotmail.com.
Wa it earst reaksje jout, krijt it foarrjocht. FOL = FOL
Groetnis GvA en DYS

Opromming
Op 17 maart spilet SDS 1 thús tsjin BCV. Dit sil de lêste thúswedstryd wêze mei de âlde kantine op de eftergrûn. Der sil dy dei lyk opromming hâlden wurde by SDS. Der sil moarns en middeis in stand stean wêr ’t je SDS-spulen krije kinne lykas âlde sjurts, horloasjes, tassen, sjaals, trainingsjaskes ensfh(sjoch hjir). Begjin dus mar fêst te sparjen.

Nutte de Leeuw
Jieren spile hy mei Waterpoort Boys 1 tsjin SDS 1 as stofsûger op it middenfjild by de Snitsers. Ûnfersettelik like hy. No docht bliken dat hy foarige wike plots ferstoarn is. Ús meilibben giet út nei alle nêsten fan Nutte.
(Klik hjir foar it berjocht op de webside fan WPB)

De Poiesz amer

Yn de kantine fan SDS stiet de amer foar de Poiesz dukaten. Jim kinne se dêr ynleverje of yn Skearnegoutum yn de winkel.

Van Hanegem
Eindliks wer ris wat goeds by Feyenoord???(klik hjir)