Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
28 februari 2007
Wepperkes -freed-
1 maart 2007

Oflast
Vanavond tot mijn grote spijt moet ik weer het trainen afgelasten.
Het is een waterballet op de velden.
Namens stichting “Skoalleseize”

Miskien is dit nochris in idee…..

Futsal: SDS 2 op wei nei de titel!
SDS 2 hat woansdeitejûn mei 6-2 wûn fan SC Genemuiden 2. De útslach sjoen like it in makkie mar dit wie it wier net.
Yn de earste helte gie de wedstryd lyk op en koe de goal oan beide kanten falle. Troch in slordichheidsje by Genemuiden wie it oanfierder Tseard Breeuwsma dy ’t de 1-0 meitsje koe. Dit wie ek de stân by it skoft.
Hjirnei kaam SDS 2 los. Binnen 3 minuten waard it 4-0 troch goals fan Skelte(2x) en Pieter. Der like neat mear mis gean te kinnen by SDS 2 oan ’t sa ’n 10 minuten foar tiid. Yn inkelde minuten waard it 4-2 en Tseard B. moast der ek noch 2 minuten ôf mei in giele kaart. Mei aardich kuenst- en fleanwurk bleaun it 4-2 en makke Skelte der op it lêst sels noch 5- en 6-2 fan.
SDS 2 rint 3 punten út op nûmer 2 Genemuiden en kin it kampioenskip yn de 1e Klasse A hat net mear ûntrinne.
De doelpuntenlist fan SDS 2 sjocht der no sa út(klik hjir).

Auto te keap
Ate Feike de Boer hat der hiel wat foar oer om fan ’t simmer mei Wommels tsjin Easterein te fuotbaljen. Hy moat dêrfoar al lid wurde fan SDS. No ’t skoalmasters it net sa breed hawwe moat der op in oare manier sjen om oan jild te kommen om dit lidmaatskip te bekostigjen. Hy set no syn auto te keap om oan de benoadigde sinten te kommen. Help Ate om foar Wommels te fuotbaljen en sjoch foar by de Jumbo yn Wommels of op Marktplaats(klik hjir).

Teller
Sûnt jannewaris hawwe wy in nije teller op ús webside. hy stiet net mear prominent yn byld, dus it is foar besikers wat minder goed te folgjen hoefolle minsken der no eins op de webside fan SDS sjogge. nei 2 moanen kinne wy konklúdere dat wy sa’n 400-500 unike besikers deis hawwe. Ús foarige teller telde allinnich it oantal hits wat wolris in skeef beeld joech. Yn de ôfrûne 2 moanne hawwe wy mear as 4000 unike besikers hân. Dit fine wy nogal wat. Klik hjir om alle statistiken te besjen.
Maand Unieke bezoekers Aantal bezoeken Pagina´s Hits Bytes
jan-07 2204 13488 164703 514531 5.25 GB
feb-07 1907 11769 143599 426001 4.25 GB

Kom út de keet!
Dit stie hjoed boppe in artikel yn Op ‘e Skille. Wy tochten earst dat dit wat mei Ate Vellinga te meitsjen hie mar dat foel mei.
Op sneontejûn 28 april sil der yn sporthal de Greidhoeke in sealfuotbaltoernoai organiseare wurde foar keten. Dit wurdt organiseare troch breedtesportprojekt Foarset(wa kin it net……) yn gearwurking mei SDS en vv Oosterlittens. Keten dy’t belangstelling hawwe dy kin kontakt opnimme mei Dorien van Steen(0517-380185) of Annewiep Bloem(0515-334464).

Voetbalhumor
It is alwer in skoftke lyn dat Studio Spaan eltse wike op de tillevysje wie. It wie faaks de muoite wurdich(klik hjir).