Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei wat letter-
12 oktober 2004
Ut de seal
13 oktober 2004

Reaksje út Nijlân(op stikje WD)
Suurbier, hevve wij it over deselfde wedstriid?!
A.F. de B.

Dêr wer in reaksje op út Drachten
Ik meende dat Ate Feike het boek gesloten had,maar nu begint hij weer opnieuw. De nederlaag is dus niet echt aangekomen en dat valt me van een schoolmeester wel
wat tegen,die zou toch beter moeten weten. Succes voor zaterdag tegen Heerenveen,ik denk dat Haresh Sharma er een stuk of drie maakt zodat zaterdagavond het bord in je tuin kan blijven staan en SDS alleen wordt
veranderd in Heerenveen.
Groeten van Suurbier


P.s.Hjirmei slúte wy de wedstriid Nijlân-SDS ôf. Se hawwe mekoars eameladressen!

Reaksje út Spannum(op Hendrik testwedstriid foar Cambuur?)
No les ik op de sds side dat Cambuur my in wedstriid spylje wolle litte yn hun stadion.Ik bin dochs al lang stoppe, en bin dochs te ald?
Of doele jimme op Hendrik Okkema (nog alder)?
Groetenis  Hendrik fan Gelf en Pjirkje.

Reaksje út Easterein(op hurdrinwedstriid Hendrik-Dennis)
Dan moat die wedstriid net op moandei plak fiene, dan bink net foarut te branen!!!
groetenis hendrik

Nije foto’s
Jimme kinne wer nije elftalfoto’s op dizze side fine. SDS 3 en SDS B2 wienen sa frij om sneon te posearen. Sjoch by senioren en junioren foar it rissultaat.

Rêstige jûn foar Mattie
SDS B1 hat forige wike woansdei mei 2-5 wûn fan CVVO. De wedstriid begong letter, omdat de gemeente it fjild meand hie, en de linen ek meinommen hie. Der moast earst in Andries socht wurde om it fjild klear te meitsjen. Tafallich hjitte de terreinfeint dêr ek Andries, dus kaam it wol klear. Ek in ûnwaarsbuoi soarge foar opûnthâld. Mar lieder Tjeerd en Jaap woene perfoarst alles útspylje want noch in kear nei Lemmer, nee dat like harren neat. Der is neat fernommen oer Tjeerd en Bauke at se ek wat ferjitten wiene, sadat wy oannimme meie dat Mattie in lange rêstige jûn hân hat.

Kees & cooking
Kees Adema fan SDS 1 skriuwt al in skoftke skitterende columns foar syn rubryk “Kees en cooking” op de webside fan Sabetocht(
www.sabetocht.nl). De columns gean oer syn op ien nei grutste hobby “iten sieren” en wa hat net alris sa ’n hearlik resept fan Kees Kulinair probeare yn Wommels of Easterein. Ek fierder yn de omkriten bliuwt syn column net ûnopmerkt. Sa hat Radio Markant(regio Snits) him frege om eltse sneontejûn tusken 7 en 9 in stikje te meitsjen foar de Snitser omrop. Neffens ús kin it earste stikje wol op sneon 23 oktober nei de wedstriid tsjin W.P.B. Dit sil dan oer bierwoarstjes gean hawwe wy it op.

Kloatestreek(1)
Jan Stenekes(SDS 3) waard sneontejûn raar te pakken naam troch syn maten. Mar goed dat hy der sûnder ferwûnings ôfkaam.


Kloatestreek (2)
Nei in jûn stappen waard Anne Stenekes(broer fan Jan en spiler fan SDS 1 en 2) raar te pakken naam troch syn freondinne Metsje. Lokkich genôch kaam ek hy der sûnder akelige ferwûnings ôf.


Nije bus
No ’t de saken wat minder geane(fetsjes bier fuortjaan as SDS wint komt de saken net ten goede) hat Anne Brouwer der in baantsje by. Nêst it skilderswurk en de Jimbar komt hy mei in putsje wêr as it goed is de hânnen skjin by bliuwe. Hjirûnder syn nije bus.


Nijs?
Hawwe jimme noch wat? Mail it nei info@vv-sds.nl.