Evenementen in november 2022

Wepperkes -woansdei-
13 oktober 2004
Wepperkes -tongersdeitejûn-
14 oktober 2004

SDS 1- Avanti 2      4-2
Avanti kaam gau mei 1-0 foar. SDS wist efkes net mear wêr sy it sykje moasten. Mei al dy rinlijnen fan Avanti koe SDS neat oars dwaan as efter de man oandrafe. Sa kamen sy sels net oan fuotbaljen ta. Yn ‘e rin fan de earste helte gie it wat better. SDS kaam hieltiten better yn syn spul. Flak foar de rêst koe Peter út in knap skot de 1-1 meitsje.

De twadde helte begûn wat letter. Willem Twijnstra wie efkes oan it boartsjen west mei de knoppen en doe’t de skiedsrjochter wer begjinne woe, wie der gjin byld, mar wol allegear rare gelûden. Yn de seal waard al oppere dat it in sinjaal wie dat de batterij fan de pacemaker hast leech wie. Mei help fan Dukke en Titus kaam der dochs wer 25 minuten te stean en in rêststân fan 1-1.

Titus, Dukke en Willem knus efter de knoppen.

De twadde helte wie dúdlik foar SDS. Harm makke al gau de 2-1 nei in knappe aksje lâns de efterline. Harm makke ek de 3-1 nei in blunderke fan de keeper fan Avanti. Doe ’t ek noch Peter keihurd rekke skeat út in frije traap koe der neat mear mis gean. Avanti makke noch wol de 4-2. Jan Simon koe foarkomme dat Avanti tichterby kaam en it bleaun dan ek sa.

SDS 2 ferliest
SDS 2 hat juster fan Ens ferlern. Yn ‘e Evert van Benthemhal waard it 9-2.

SDS 3 wint knap
SDS3 wie dizze jûn ek aktyf. Sawol de foto as de wedstriid wie in “plaatsje”. SDS 3 wûn knap mei 8-2 fan Balk.

Pieter, Hendrik, Ferry, Klaas, Jacob en
Tsjerk.