Wepperkes (woansdei)

Wepperkes (tiisdei)
14 september 2004
Sealwepperkes (tongersdeitemiddei)
16 september 2004

Hjir is Lieuwe
Nei ús oprop, 2 dagen lyn, hawwe wy in mailtsje krigen fan Lieuwe van de Brug sels. Hjirûnder kinne jimme it lêze:
“Hjir bin ik!!!
hearen fan sds 3 ik sit op it moment oan de oastkust fan Australie. At jimme de map er efkes bijpakke. Ayr, ca 350 km under Cairns. Hjir bin ik drok oerknuppels oant binnenheljen foar in boer! by in noflike temp. fan hast 30 gr..ik soe sizze en protte wille en sukses foar it kommende seizoen.
see ya
Lieuwe Jan”
Wy binne bliid dat hy him dêr wat op syn gemak field. Hy mailt sels al mei in Ingelsk aksint(“map”?). Wy winskje Lieuwe it allerbeste ta dêr oan ‘e oare kant fan ‘e wrâld. Mocht der ynkoarten thúskomme dan mei der it waar wol meinimme.

Hjir kinne jimme sjen wêr as Lieuwe (ûngefear) sit.

Alle amateurclubs
Wy as SDS binne fansels net de ienige amateurclub mei in ynternetside. Wy hawwe no in side op ynternet fûn wêr as je ek al dy oare fine kinne. Klik
hjir. Fansels stiet der ek by ús “links“.

Keats-klassemint
Krekt as wy by de SDS-side in krânseklassemint byhâlde foar de keatsende SDS’ers, hâlde sy by de KNKB in klassemint by foar alle keatsers. Yn dit klassemint binne fansels ek ferskiedene SDS’ers te finen.
Yn de list û.o. de SDS’ers Skelte, Robert, Gert-Jan, Feite, Tsjipke, Dirk-Yde en Jacob-Klaas. Jimme kinne der mear oer lêze op de webside fan de KF Easterein(
www.kfeasterein.nl). Hjir stiet ek in link nei de hiele list op de webside fan de KNKB.

SDS-futsal 3
Jajuster stie hjir de oprop om ús mear te mailen oer SDS-futsal 3. It is Durk Okkema dy ’t dit lyk oppakt hat. Hy mailt ús dat SDS 3 moandeitejûn mei 11-1 ferlern hat fan Old Forward(Wilhelminaoord). Der wie noch efkes hoop doe ’t Ferry nei in knappe solo 3-1 makke, mar dêrnei wie it dochs gau dien. It hichtepunt fan de jûn wie dat sy fia Oerisel nei Drinte moasten. Sy ferwachtsje dan ek dûbele reiskosten fergoede.

Seleksje útbreide
SDS 2 futsal is benaud dat sy dit seizoen wolris in mântsje te koart hawwe kinne troch ien of oare reden. Sy hawwe lyk maatregelen nommen en hun scouts binne mei 3 nammen kommen. Dizze 3 jonges kinne it om de seleksje fan SDS 2 wol dwaan en binne per direkt taheake oan ‘e seleksje. It giet om Gerrit Hingst, Mark Postma en Harm-Auke Dijkstra.

Ljochten op it fjild?
It is noch lang net rûn mei de ljochten op it fuotbalfjild yn Wommels. It kin noch wol 10 wiken duorje foar as de gemeente hjir in definityf beslút oer nimt. Mits desimber kin de ljochten dus pleatst wurde as net ien beswier makket. Miskien is it dan net mear noadich as Dennis Dijkstra dan gewoan in krystbeam efter yn ‘e tún set mei goed felle lampen deryn. Oan ’t dan wurdt eltsenien frege om mei de auto nei de training te kommen. De auto’s kin dan om it fjild setten wurde om de training wat by te ljochtsjen.