Sealwepperkes (tongersdeitemiddei)

Wepperkes (woansdei)
15 september 2004
Wepperkes (tongersdeitejûn)
16 september 2004

Seal: SDS 1 wint, SDS 2 ferliest
SDS 1 hat juster yn de Greidhoeke yn Easterein syn earste thúswedstriid yn ‘e 1e Klasse tsjin ONT/CHZ wûn. Jimme kinne
hjir klikke foar it ferslach.
SDS 2 spile, nei SDS 1, ek thús tsjin SC Genemuiden. SDS 2 spile wol knap en stie geregeld foar. Ek by rêst stienen sy foar. Dochs koenen sy de wedstriid net winnend ôfslúte. Sy ferlearen mei 6-4. De doelpunten waarden makke troch Skelte, Tseard Halbersma, Dirk-Yde en Jacob Klaas. It hiele ferslach komt noch.

Nije flagger
SDS 1 seal hat in nije flagger. Foar de thúswedstriden hawwe sy hun trouste supporter, Tamme de Boer, bereid fûn om te flagjen. Wy kinne sizze dat hy it juster best die. Jammer dat SDS 1 no wer 1 troue supporter op ‘e tribune misse moat, want dy binne der al net safolle.
 Tamme yn syn flaggersoutfit.

Topskoorderslist
Krekt as op it fjild wolle wy ek foar de seal in topskoorderslist byhâlde. Fan SDS 1 en 2 witte wy wa as der skoort hawwe. Wy binne allinne noch benijd nei de 2 goals dy ’t SDS 3 makke yn hun 1e wedstriid. As ien dat wit dan mei dy dat wol efkes maile nei
info@vv-sds.nl.

“6-tal” foto’s
Juster binne der “6-tal”-foto’s makke fan SDS 1 en 2 yn ‘e sporthal fan Easterein. Jimme kinne ein dizze wike hjir de foto’s besjen. No moat wy noch ien fan SDS 3 hawwe.

“Nije” sponsor
De jonges fan SDS 2 mienden dat sy gjin sponsor hienen. Dit bliket net te kloppen. Okkema sponsort al jieren SDS 2 en dat bliuwt dus sa. Tsjerk en hendrik spylje dan wol foartaan yn SDS 3, mar dat makket hun neat út. SDS 2 sponsorje stiet der yn it kontrakt dus dat bliuwt sa. Sa spilen de jonges fan SDS 2 juster foar it earst yn de sjirts fan Okkema. SDS 3 siket no dus noch in sponsor.

Drok
Harm-Auke Dijkstra kriget it dit seizoen noch drok. Krekt neidat hy by SDS 3-seal oanjoen hat dat hy der dit seizoen wol foar fêst by fuotbalje wol, hat hy by SDS 2-seal oanjoen dat hy dêr wol op ‘e reservelist wol. Sa hâldt Harm-Auke net folle tiid oer foar de frou.