Wepperkes -woansdei-

SDS League: Op ‘e nij 3 wykpriiswinners!
9 oktober 2007
Wepperkes -tongersdei-
11 oktober 2007

Futsal: SDS 1 jûn thús
SDS 1 spilet jûn thús tsjin de “toppers fan Stobbegat”, FFS. FFS(mei û.o. Jeffrey Talan, Marc van Eijk en Erik ten Voorde) stiet op dit momint noch boppe-oan yn de Haadklasse. Wy binne benijd hoe ’t dit nei jûn wêze sil. De wedstryd yn sporthal de Greidhoeke begjint om 20.00. It is fêst de muoite wurdich om dizze wedstryd efkes te besykjen.

Futsal: SDS 3 noch ongeslagen?
SDS 3 hat justerjûn tsjin Workum fuotballe. Wy binne benijd nei de útslach en de doelpuntenmakkers. Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Iepening nije kantine
Hjir is dan
it programma foar de iepening fan it Multifunksjoneel-sintrum op sneon 20 oktober.

Nije sponser
Enne J. Bruinsma lit ús witte dat per 1 jannewaris DEK & KI STATION DE TERPEN WOMMELS sjurtsponsor wurdt by it B-team(sjoch ek op 
www.deterpen.com)

WPB-Buitenpost
Justerjûn hawwe twa kommende tsjinstanners fan SDS tsjin elkoar fuotballe. De skouts fan SDS wiene der bij en seagen WPB winnen mei 2-0. In matige wedstryd, fûnen Dirk, Jan, Oebele, Lolke en Aant

Hân yn de doek
Twa spilers fan SDS 1 binne sneon net goed út de striid kommen, want Dirk de Jong en Floris Hiemstra rinne no beide mei de hân yn de doek.

Amateurvoetbalspel
Beide wepmasters dogge mei oan it Amateurvoetbalspel. Sy dogge it beide net gek(klik
hjir).

Lokwinske
It wie sneon feest bij huize Postma. Chris en Aly fierden mei harren trije jonges (Henk, Mark (uit Sweeeden) en Johan it 25 jierrich houliksfeest. Wij seagen noch efkes yn ús archyf welk liet 25 jier lyn de grutte hit wie op harren feest. Op de wize fan “Muss i dem” kinne jim allegear sjonge:
Ja wij drinke, hja wij drinke,
ja wij drinke mei elkoar.
dêr binne wij wol foar
dêrom sjonge wij no yn koar

Proost Chris, proost Aly
noch in proost op jim gelok
proost op jim  gelok
ja in proost op dit bleire pear
.

Ek wij lokwinskje Chris en Aly fan herte.

Affisje
De jonges fan SDS 4(“út Easterein/Wommels”) waarden ôfrûne sneon wolkom hjitten yn Arum mei in prachtich affysje:


Krekt sa’n loopke
Sneon wie de hurdraverij yn Kûbaard. Wij seagen yn de foto’s dy’t ús sponser
Jaring Rispens makke, ek wer in stik as wat SDS-ers. Sommigen laken om sa’n eintsje. Sij hiene wierskynlik in goeie tarieding op freed hân.

Aad de Mos
Wat seit der no? Haitsma??(klik
hjir).