Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
13 augustus 2007
Wepperkes -tongersdei-
15 augustus 2007

SDS 1 wint oefenwedstryd
Frisia-SDS 1-3 (1-1)
De eerste helft een beter Frisia. De eerste 20 minuten kon de jonge ploeg makkelijk combineerde op het kunstgras. Dit resulteerde in een snelle goal van de oudste man op het veld(hast 60). De laatste 20 minuten kwam SDS beter in de wedstrijd. Een korte corner kwam via Feiko bij Harm die hem op het hoofd van Hendrik legde 1-1. De tweede helft een beter SDS. Er zat meer voetbal in wat resulteerde in een aantal mogelijkheden voor SDS. Frisia stelde daar weinig tegenover waardoor Jaap niet veel had de doel. Doelpunten waren er van Tsjalling en Floris. 
Ik(Tsjalling) kan hier morgen weer vrolijk door het dorp(Leeuwarden) fietsen.

SDS 2 ûnderút
SDS 2 hat juster syn oefenwedstryd tsjin Heerenveense Boys 2 mei 4-1 ferlern. SDS kaam yn de earste helte noch wol mei 1-0 foar troch in goal fan Dirk de Jong nei in knappe aksje fan Arjen Posthumus. By de rêst wie it 1-1. De twadde helte koe SDS de Feansters net mear byhâlde. Sy krigen kans nei kans en it wie te danken oan keeper Korné Boekholt dat it úteinlik by 4-1 bleaun.
In drege pot dus foar SDS 2. Net ûnbegryplik as je betinke dat der mar ien spiler(Jan Simon Jelsma) wie dy ’t foarich seizoen de lêste wedstryd by SDS 2 meidien hat. Mei in bult nije jonges hat trainer Hylke Schrale noch wol wat te dwaan.

Beker
Kommend wykein geane de measte teams fan SDS los yn de beker. SDS B1 is tongersdeitejûn de earste. Sy spylje om 19.00 thús tsjin Frisia B1.

Jubileumtreffer
Wa ’t noch graach in jubileumtreffer hawwe wol kin him by ús melde(info@vv-sds.nl). Se binne fergees by ús te krijen. As wy de jubileumtreffer opstjoere moatte dan kostet dit €1,50.

Gjin kampioen
Ajax wurdt dit seizoen yn elts gefal gjin kampioen. Wêrom net?(klik hjir).

Echte mannen
Roy Keane hat neat mei mannen “sûnder broek” oan(klik hjir). Ek Marcel Frankena hat dêrom oanjûn allinnich noch mar “echte” mannen yn SDS 1 hawwe te wollen. Hy hat neat mei manlju dy ’t mei de frou nei de stêd moatte te shoppen…..