Wepperkes -woansdei-

SDS League: Net te leauwen!
4 december 2007
Wepperkes -tongersdei-
5 december 2007

Gjin trainen
Fan Klaas Pompstra krije wij troch dat B1 jûn net traind.

Gjin futsal
Om ’t 5 desimber dit jier op in woansdei falt is der gjin sealfuotbaljen fan ‘e wike…………

Kwis
Wy kamen úteinlik 3 antwurden te koart om alles goed te hawwen yn de VI-kwis(klik
hjir). Oebele Anema wist se úteinlik wol allegear:
1. Jordi Cruyff; 2. R. Koeman; 3. R. Giggs; 4. Crespo; 5. Pelle; 6. Garrincha; 7. Thiebaut; 8 de Guzman; 9 Ballotta; 10. Ger Senden;. 11. G. Best; 12. Johan Derksen; 13. Henk Vos; 14. Peter Houtman;. 15 Pele; 16. Dirk Jan Derksen; 17 Maldini; 18 Bernd Schuster; 19. C. Vieri; 20; Mario Melchiot; 21.Salihamidzic; 22. Rene Ponk; 23 Helguera; 24; Gerald Sibon.

Keunstkes
Wij wiene altyd al benijd wêr’t Cambuur op selekteart. De resultaten hâlde al jierren net oer en dochs is der altyd optimisme. Oan de foto’s
bij dit artikel is te sjen wat foar Cambuur de seleksjekriteria binne. Op de matte wierskynlik goed foar in 9.632 mar at it bijdraacht oan trije punten bij it fuotbal is de fraach.

Tafallich of net
Soms hawwe nijsberjochten neat meielkoar te krijen. Al liket dat soms wol sa. Yn dit gefal tinke wij dat de stimming oars noch tryster west hie.

Sinteklaas
Om ’t der nei hjoed wer fuort is, kinne wy ek noch wol efkes om him gnize(klik
hjir).

Sa kin it ek
Miskien noch wolris in idee(klik
hjir).