Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
4 december 2007
Wepperkes -freed-
7 december 2007

Ôflast!
Beste mensen,
De trainingen gaan vandaag niet door. De trainingsvelden zijn onbespeelbaar.
De Skoalleseize.

Drave
De A- en B-seleksje kinne fannejûn net op it trainingsfjild mar krije dochs harren beweging. Sy sille fanôf 19.00 efkes troch it doarp drave.

DVD-presintaasje Easterein-Wommels

Tidens it 60-jierrich jubileum fan SDS hawwe de Wommelsers opnames makke foar in DVD. Kommende snein 9 desimber wurde de bylden presintearre yn Jimbar. It sil in oere as 5 plakfine. Mocht sc Hearrenfean-Grins der streekrjocht foarkomme dan giet de bar earder iepen.

Winterwille yn Easterein
Elk dy’t ris efkes wat oars wol as fuotbal kin op 14 desimber terjochte yn Easterein. Op en om de Foarbuorren is it dan feest mei in echte krystmerk. Ferskate kreamen fan minsken, ferienings en bedriuwen út Easterein, Wommels en omkriten ferkeapje har guod. Lekkers, kadootsje, berneklean, krystspul; der is fan alles en noch wat te krijen. En te belibjen. Sa kinne de bern bygelyks mei de krystman op de foto. We ferklappe noch net alles, mar kom foaral del! Elkenien is wolkom tusken 15.00 en 22.00 oere.

Greidhoeke-toernoai
It Greidhoeke-toernoai begjint ek wer foar de D- E- en F-pupillen. Sneon meie de D-pupillen los.
D.pup 8/12
E.pup. 15 /12
F.pup. 5/01, 
D.pup. 26/01, 
E.pup. 2/02,
F.pup 9/02.
Fan 9.00 -12.00 oere.


Titustoernoai
Snein is ek wer it earste sealtoernoai by Titus. Ferskeidene SDS’ers sille hjir wer harren opwachting meitsje. Dan net yn it sjurtsje fan SDS, mar bygelyks De Jimbar, Sporthal De Greidhoeke of Kafé Bergsma. It begjint om 11.00.

Ôflast?
Trainer fan SDS 2 Hylke Schrale ferwachtet net dat it trainen yn de takomst wer ris ôflast wurdt nei it sjen fan dit filmke(klik hjir). Wy helpe it him hoopjen…..

Mis!
Ek by de amateurs wurdt der wolris foar leech goal mist(klik hjir).