SDS League: Net te leauwen!

Wepperkes -tiisdei-
3 december 2007
Wepperkes -woansdei-
4 december 2007

It is net te leauwen!
De SDS League draait foar sa ’n bytsje eltsenien dy ’t meidocht út op in nachtmerrie, op ien nei……Sybren Wijnia. Hy pakt fan ‘wike mei syn “Eastender Nightmares” foar de 3e kear de wykpriis. Hy stiet no noch fêster op it earste plak en liket dit net mear fuort te jaan. Syn team sjocht der dan ek superstrak út:
Gomes(PSV) 7
Kruiswijk(GRO) 7
Zuiverloon(HEE) 0
Elshot(NAC) 3
Olsson(NEC) 0
De Zeeuw(AZ) 0
Lamah(ROD) 11
Van Dijk(UTR) 7
Huntelaar(AJA) 2
Makaay(FEY) 11
N’Kufo(TWE) 9
Totaal: 57 punten
(Efter de spilers de punten dy ’t sy ôfrûne wykein pakten)

Jeroen Brouwer hie in bytsje pech fan ‘e wike. Hy kaam ien puntsje te koart foar de wykpriis. Hy gie al fan 17 nei 6.

Nea hienen wy tocht dat “Al Bundy; The Chief”(Sjoerd van Beem) der folle fan bakke soe. Hy stiet ynmiddels al op it 4e plak.

Soe hy it noch fierder skoppe???

SC Sebeare lit it no hielendal ôfwitte. Neidat koach Jan Rinse Blanksma op Curacao west hat fynt hy it oan de Sebeare mar kâld en sjocht hy no al út nei de winterstop. Dat is te merken oan syn prestaasjes. SC Sebeare sakket fan 34 nei 21.

Ien team, mar 14 punten fan ‘e wike, stiif lêst,….P.van P.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 10.