Wepperkes -woansdei-

SDS 1 derop út!
30 januari 2007
Reklamebuorden ferplaatse
1 februari 2007

Sûnder wjergea
Foar dizze gelegenheid hawwe wij it Frysk wurdeboek der bijpakt om it goeie Fryske wurd te finen foar “weergaloos”
Der stiet: “sûnder wjergea” of “dat hat syn wjergea net” of “dat is alderprachtichst”. Al dizze omskriuwingen binne fan tapassing op de wedstryd SDS 1 – de Weide 1. De aksjes wiene sûnder wjergea, de doelpunten wiene sûnder wjergea en it ferdigenjen dêr stie gjin maat op.
De 5-3 oerwinning brocht it publyk yn hegere sfearen. Doelpunten fan Anne, Robert, Robert, Tsjipke en Harm. En allgear wiene se om yn te listen. Skelte en Tjeerd B. diene mei fan SDS 2 en sij pasten harren maklik oan it hege nivo.

Wereldgoal!
Alle 5 goals fan SDS 1 wienen stik foar stik plaatsjes. Dochs stuts dy fan Anne hjir noch in lyts stikje boppe-út. De wedstryd tsjin De Weide wie noch mar krekt oan de gong of De Weide gie fol op ‘e oanfal. SDS koe neat oars dwaan as ferdigenje. Doe ’tAnne op de râne fan syn eigen(!!) strafskopgebiet de bal foar de fuotten krige joech hy de bal in flinke traap. De bal fleach oer alles en iederien hinne ynklusyf de keeper fan De Weide en foel …….yn ‘e goal. Nei 25 sekonden 1-0 foar en de SDS’ers wisten dat it fannejûn net mear mis gean koe.

Rabje
Der geane geruchten dat Skelte Anema noch foar it ein fan it slúten fan de transfermerke(jûn 12 oere) de oerstap meitsje sil nei vv Warga. Dit is de klup wêr ’t Kees Jansen folgend seizoen trainer wurdt. Wy hâlde jim op de hichte.

Skoalleseize yn byld

Us pleatslike korrspondint Minne Bonnema hie ferline wike noch efkes in kykje makke fan de foarderingen op it sportpark.

Byskriften
Wy krigen 4 mailtsjes mei byskriften by dizze foto:
PSV bedankt.
*Ronald Koeman haadpersoan Dubbel Frisss reklame.(Sjoch popkes op syn skouders)(Wybren)
*Wat kost die Max Houttuin? (Tsjalling Sikma
)
* Kees zegt tegen Ronald dat hij een goede keus heeft gemaakt om naar de BESTE club van Nederland te gaan!!!!”(Harm-Auke Dijkstra)
* Ronald Koeman gaat met de gehele selectie naar het wassen beelden museum: Madame Tussauds in (JAWEL) Amsterdam. Op de foto ziet u Ronald Koeman samen met het (levensechte) beeld van Kees Jansen! (Jan Stenekes).

SDS League
Hjoed sille der fêst noch hiel wat transfers op stapel stean, lykas;
Babel fan Ajax nei Newcastle United
Alves fan SC Heerenveen nei Newcastle United
Fortuné fan Utrecht nei Nancy
Luque fan Newcastle United nei PSV of Ajax
Grygera fan Ajax nei Juventus
Van Beukering van De Graafschap nei NEC
Meerdink fan AZ nei FC Groningen
Jeroen Drost fan SC Heerenveen nei FC Utrecht
Rosales fan Ajax nei River Plate
Hoogendorp fan Wolfsburg nei ADO Den Haag
Boussabon fan Feyenoord nei Utrecht
Moarn komme wy mei de nije list foar de twadde helte fan de SDS League!

Alde spilerskaarten


Witte jim wat te melden oer dizze Sipke Siem, dan heare wij it graach. Mail nei dit adres.

Pikefel(9)
De hiele Kuip en Hampie krigen hjir pikefel fan. In Feyenoord-ferske sjonge yn de Kuip by in goal fan PSV(klik hjir).

Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!