Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
13 februari 2007
Wepperkes -freed-
16 februari 2007

SDS 1 futsal ferliest tsjin hekkeslúter
Teloarstellend wie it optreden fan SDS 1 tsjin Old Forward. Net in momint kaam de ploech yn it spul en de mannen út Vledder hiene harren sinnen setten om dizze wedstryd te winnen. Se wiene bij wize fan sprekken sa fanatyk dat, at se spilerskaarten net bij har hân hiene, dat se se bringe litten hiene, want se woene der in oerwinning útslepe.
De rêststân wie 1-1 en de einstân 2-3. Doelpunten wiene der fan Tsjipke Klaas en Peter.
Sjoch hjir foar de nije stân. 

Ek SDS 2 futsal ûnderút
It kampioensfeestje fan SDS 2 wurdt noch efkes útsteld. Yn Ljouwert gie SDS 2 mei 6-4 ûnderút. Sjoch hjir foar it ferslach fan leider Gerhard von Sprudelwasser(klik
hjir).
 
En ek SDS 3 futsal ferliest
Mar mei 5 man sette SDS 3 tiisdeitejûn ôf nei Boalsert. Dat levere in min resultaat op. Ferlies fan 10-2. Opmerklik dat Harm Auke de doelman wie yn dizze partij.
 
Trainen foar jûn ôflast
Geachte mensen,
Voor vanavond ligt alle trainen eruit
Wegens het doorlopend regenen van vandaag.
Namens bestuur “Skoalleseize”
Abe-Jan

Boerd
It boerd by de yngong sil der foar de kommende tiid sa útkomme te sjen:


Ruïne
Ôfrûne sneon moast ADO Den Haag tsjin Ajax yn Den Haag en dus net yn Amsterdam. Dat koe ek net oars wat de Ado-fans oangie(klik
hjir).
 
Easterein Rocks
Wolle jim noch efkes neigenietsje fan Easterein Rocks dan is it goed om noch efkes te sjen op de side fan Jaring Rispens, sjoch banner rjochts boppeoan)

Stil (1)
De opmerking fan Dirk Yde Sjaarda oer Ajax lokt fansels wer in reaksje út fan in Ajaxied.
Ja, it Ajax publiek is wol es wat stil… mar dan de Feyenoord aanhang. We winskje Feyeonnord in protte succes tsjin Tottenham Hotspur!!

Wiisheid

Wij seagen noch efkes yn de Swingoerdse wiisheid en dêr fûnen wij de folgende spreuk: It is tryster om fan in Dútske ploech yn it fjild te ferliezen dan fan in Ingelske klup op papier.