Wepperkes -freed-

Wepperkes -woansdei-
14 februari 2007
Seleksjes -sneon-
16 februari 2007

Reeksinjalen
Der binne noch minsken dy’t net emaile. Sij stjoere postdowen of reeksinjalen út om harren berjocht kwyt te kinnen. Sjoch
hjir.

10 minuten
De seleksje fan SDS 1 moast juster nei de training efkes 10 minuten meielkoar prate. It waard mear as in oere en it naaide der soms út, neffens wol ynljochte kringen. Nei ôfrûn wiene se net sa spraaksum. Wij konkludeare dêr út dat se foar sneon op skerp steane.

De toer
SDS A1 moat sneon tsjin Steenwijkerwold. Dat is in topper. Wij binne net optimistysk, want it skynt sa te wêzen dat A 1 noch nea in oerwinning bûten Fryslân helle hawwe. Dy jonges moatte de toer fan Easterein sjen kinne om te winnen. Of soene se sneon sjen litte wolle dat it grutte flauwekul is wat wij skriuwe?
De folgende spilers sille it dwaan moatte:
Korné, Sybren, Steffen, Bauke, Redmer, Ids, Paul, Jildert, Andrew, Ralph, Eeltje, Jelmer, Sietse.

SDS League
De SDS League giet kommend wykein yn. Wy hoopje kommende tiisdei mei de earste stân te kommen.

Romke de Jong
Dizze jonge spiler fan SDS 6 waard juster de grutte winner op it trainen bij SDS 5 en 6. Der wie in ûneven oantal spilers omdat Stoffel der net wie. Earst spile Romke mei jong en wûn en doe mei âld en wûn hij ek.
Jacob Plantinga hat de training ek wer oanfongen.

De helt fan de helt
Lieder Klaas Okkema wurdt mei wat nijs konfronteard. Meardere spilers wolle net mear in hiele wedstryd, ek net mear in heale wedstryd mar de helt fan de helt.

Kantine
At jim noch fan dizze kantine genietsje wolle, dan moatte jim de kommende wiken seker komme. Op 1 april leit de hiele boel plat sa’t it no liket. Foar dy datum is alles ferhúze nei de nije helpkantine, dy’t hast hielendal al klear is.

Aktiviteitenkommisje
Justerjûn seagen wij in oantal leden fan de aktiviteitenkommisje  oan it fergaderjen yn de kantine. Wij wiene fansels benijd nei de resultaten fan dit oerlis. Helaas, ek sij liken wol in sprekferbot te hawwen.

Geruggie (1)
Dizze wike waarden der yn Ysbrechtum bekeurings útdield foar hurder riden as 30 kilometer. Neffens in (ûn)betroubere bron wie de hear I.B. te W. ek ien fan de slachtoffers. Wij sille it bij Jos nijfreegje.

Geruggie (2)
Der komme berjochten út Scharnegoutum dat it 5de alvetal sneon op de fyts komt nei Easterein. Sy wolle net ûnder dwaan foar SDS 5, dy’t ek op de fyts nei Scharnegoutum west hawwe. It is yn alle gefallen like fier.

SMS
Wij witte allegear hoe’t soks giet. Thús sizze dat je efkes ( mei de klam op efkes)  in oerke yn de kantine sjogge en op tiid thús binne. Soms binne je sa stom om dêr in tiid bij te neamen want dan wurdt it lestich at it gesellich is en it dochs wat letter wurdt.
Justerjûn krige in bestjoerslid fan de Skoalleseize om goed 10 oere in sms-kes fan syn dochter mei de wurden: dat wurdt sneontejûn thúsbliuwe meneer!

Letter hjoed mear.