Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
12 februari 2007
Wepperkes -woansdei-
14 februari 2007

Diel 2 Greidhoeke toernoai
Het is alweer een paar dagen geleden, maar ook F1 en F2 hebben zaterdag het tweede deel van het Greidhoeke Toernooi gevoetbald. Vooral de mannen van SDS waren erg aan elkaar gewaagd. Dit was dan ook weer terug te vinden in de eindstand
1 SDS3
2 SDS1
3 SDS2
4 Easterlittens
Met een mobieltje is er nog mooie foto van de winnaars gemaakt:
Johan Heerma


Riidbewiis
Het beperkte A-rijbewijs
It hat efkes duorre, mar SDS 6 is in autorider riker. Gerlof Jan Hofstra hat syn riidbewiis helle.

Futsalle (1)
Woansdeitejûn is der futsallen yn de sporthal yn Easterein. SDS 1 moat om 20.30 thús tsjin mei-degradaasjekandidaat Old Forward en se kinne wol wat stipe brûke. Sjoch hjir foar de stân.
Konkurrint ZVVS hat moandei mei 16-4(!?) ferlern fan Dalen 1.

Futsalle  (2)
De boys fan koach Gerard van Asselt, Futsal 2 moat woansdeitejûn ek op paad. Sij geane nei Ljouwert om Friesland 1 te bestriden.

Futsalle (3)
Tiisdeitejûn hat futsal 3 dwaande west yn Boalsert. Wij binne fansels benijd at se Bolswardia 2 ferslein hawwe.

Wedstrydskema
Degenen dy graach eltse wike it wedstrydskema hawwe wolle kinne dat trochjaan oan wedstrydsekretaris André Vink(famviea@hetnet.nl). Hy siket ek fan inkelden it eameladres noch. Wa kin ús de eameladressen jaan fan Bertus Bootsma, Jurjen van der Wal en Lieuwe Meijer? Mail se nei André!

Útsteld
De Trefferredaksje soe kommende tongersdei tegeare komme foar in fruchtbare fergaderjûn. No ’t der net folle fuotballe wurd is der mar foar keazen om de fergadering in wike út te stellen. De Trefferfergadering sil no dus wêze op tongersdei 22 febrewaris om in oer as 21.30 yn de kantine.

Dat kin net!
De term ‘Ajax-publiek’ klinkt by eltsenien wol bekend yn ‘e earen. Ik stean der net raar fan te sjen, mar no hjeare we it ek ris fan in ald-spiler: 
“Ze hebben een groot stadion met veel toeschouwers, maar die zorgen niet echt voor sfeer” , aldus Markus Rosenberg(op de webside fan Werder Bremen) 
Groetnis DYS (Feyenoord-supporter)

Liverpool toto
Yn de SDS-League presteard hie (tegeare mei soan Sicco) al jieren ûnder de maat. Wy binne der no efter dat hy syn enersjy mear stekt yn in oar spultsje: de Liverpool-toto. Dêr docht hy it wat better:
Association of Liverpool Supporters In the Netherlands - Liverpool fanclub Nederland
Stand per 10 februari:

  naam uitslag toto totaal
1 110 Freddy Scheltema 20 54 74
2 125 Stefan Samaan 30 42 72
3 095 Vincent van der Meer 20 51 71
4 194 Annemiek Boshoven 20 48 68
5 082 Remco van der Sluis 25 42 67


Letter mear!