Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
3 oktober 2006
Wepperkes -tongersdei-
4 oktober 2006

SDS 1 – FFS 1
In boeiende wedstryd dy’t in ferrassende tuskenstân kinde fan 4-2. Want Fuotbal Feriening Stobbegat is net samar in ploechje út Stobbegat. Mei âld ynternationel Jeffrey Talan, âld- SC Heerenveners Erik ten Voorde en Marc van Eijk en in oantal tige technyske spilers(b.f Marc van Eijk yn de ploech is it betiden in lust te sjen nei it goeie kombinaasjespul. SDS wie lykwols yn de earste helte doeltreffend troch hast alle kansen dy’t se krigen te benutten. De doelpunten wiene fan Robert, Tsjipke, Feite en Anne. Nei it skoft sloech “de wurgens” ta bij SDS wêrtroch it spul wat ûnsoarchfâldiger waard en FFS it spultsje taktysk goed útspile. SDS skoorde nei it skoft net wer en FFS 5 kear. Einstân 4-7.

Nij lid
At it fuotbalfirus ien kear yn je sit, dan kom je der min wer ôf. Komme je op in bepaalde leeftyd at de bealch je hieltyd faker en langer sear docht nei in wedstryd, dan komt er in momint om te besluten om op te hâlden. Mar ophâlde dat dogge je net samar Binne je ien kear opholden dan krije je noch 1000 kear spyt want in frije sneon is foar ien kear wol aardich mar alle wiken nei de stêd is ek net alles.
En dan komme je ta ynkear. Dan ynienen witte je it seker: ik bin te betiid opholden.
Wij stelle jim foar oan ús nijste lid: Klaas Molenmaker 53 jier.
Wij ferwachtsje dat hij bij de feteranen yndield wurdt.

Wurdt it sintrale duo Ype en Klaas wer yn eare hersteld?

Lyk oan de gong
Juster melden wy dat Klaas Pompstra folgend seizoen oan de gong sil mei de jeugdkeepers. Dit is alwer feroare. Hy begjint per direkt.

Op de foto?
Wij wolle wat mei de tiid meigean en binne soms wat oan eksperimentearen mei ús fototastel. Sa wie A1 mei de opwaarmer dwaande en tochten se dat se
op de foto kamen.  

SDS 1 tsjin Stobbegat
Jûn yn de sporthal spilet SDS 1 om 20.00 oere tsjin FFS. Dat is ploech út Stobbegat. Wij tinke dat der net spiler fan FFS  út it doarp Stobbegat bij sit, miskien binne se allegear wol nea yn Stobbegat west.
Wij binne benijd hokker SDS-ers  ea yn Stobbegat west hat. En boppedat wolle wij dan ek graach witte wat jim dêr diene. (fuotbalje, yn it hea, efter de froulju oan of nei de tsjerke dêr). Maile kin nij
dit adres.

Wedstrydskema
It wedstrydskema foar SDS futsal 2 is ek bekend. Klik
hjir om it te besjen.