Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
3 oktober 2006
SDS 2 hat nije sponsors
6 oktober 2006

Nije sjurtsponsor
SDS 2 hat nije sjurts mei twa nije sponsors. Moarn kinne jim se hjir besjen.

Bekerje
Op it fjild is der noch ien ploech fan SDS dy’t meidocht: de feteranen, dy’t meast yn SDS 5 fuotbalje.
Op 21 oktober is de twadde ronde en SDS 5 moat oantrede tsjin Heerenveense Boys 6. Dy ploech sit normaal bij SDS 6 yn de kompetysje en hawwe lêstendeis noch wûn fan SDS 6 mei 1-2.
De bekerwedstryd Heerenveense Boys 6 – SDS 5 wurdt spile yn Hearrenfean.

Programma kommende sneon
Om it SDS-programma op te sykjen op de KNVB-side moat je earst ynlogge. By ús kin it sa(klik hjir).

Froulju wer yn training
Tiisdeitejûn wiene der 16 froulu op de twadde training dy’t Marcel Frankena joech. De froulju en Marcel wiene noch like entoesjast as de earste kear. Der is sels besluten om nije wike noch in kear te trainen meielkoar.
Hoe’t dêrnei komt is net dúdlik mar dat hjir mear efterwei komt is wol dúdlik. Wij hawwe sels fernommen dat in spylster fan ONS Snits har ynsette wol om de training op te pakken. Wij binne benijd at dit berjocht ek befestige wurde kin.

Blessuregefoelich

Hallo webbers,
Foutbal blykt mar wer in blessuregefoelige sport te wezen.
Ik bin no al in heal jier by de sportfysio en it wie de lêste tiid aardig rêstich. Rutger(de fysio) prottele foarige wike aardich, want hy hie op in dei 2 oeren niks te dwaan.
SDS 1 hat dat te hearen krigen, sadwaande hie Rutger ôfrûne moandei alwer aardich wat tillefoantsjes fan nije klanten. 4 wol te ferstean. Fan SDS 1.
Sels ien hie sa’n dik ankel dat der better in steunkous om ha kin.
Ien ding hoopje ik wol dat dy froulju net sa út de foutbalstriid komme nei harren twadde training fan Marcel.
Groetnis de blesseerde foljebaltrainster

Jongste lid
Wij krigen fan de jeugdkommisje wer in aktueel oersicht mei leden. Der binne de lêste tiid wer op nije F-kes bijkommen en it jongeste lid is no Steven Vellinga fan de Roede yn Wommels. Hij is yn augustus 6 jier wurden en hat it fiterdiploma A helle sadat neat in lidmaatskip mear yn it paad stiet.  Oare nije leden binne, Robbin Wijnia, Gershom van der Sluis, Suod Habib en Sander Reijenga.

Futsal
De futsallers fan SDS 2 skore der aardich op los. Sa hat Dirk-Yde Sjaarda der al 23 yn lizzen. Klik
hjir om te sjen wa’t dy oare goals makke hat.

Ek op liet
At je ien kear yn Jimbar optreden hawwe, dan kin it hiel hurd gean mei de muzykkarriere. Ferline jier mei de muzykfuotbalkwis tusken Freddy, Willem en Lolke soarge Tjeerd Abma foar de muzikale noat. Dêrnei hie hij noch twa optredens yn Wommels op de Trekwei en oan de Terp. Ek hij docht kommende sneon mei oan Liet. As sjonger fan de groep
Tsjester.
 

Eigen goal
Der binne in hiel soad moaie eigen goals makke(freegje Sjoerd Rispens mar), mar dizze is dochs wol hast it moaist(klik hjir). Let mei nammen efkes op dat ballejonkje wat nêst de goal stiet te juichen.